Berjocht:Side fan de wike 2014/wike 15
De Amazône is de op ien nei langste rivier fan 'e wrâld, en op ôfstân de wetterrykste fan al, de rivier befettet nammentlik in fiifde part fan it natuerlike swietwetter op 'e wrâld. De rivier hat in totale lingte fan 6530 km, ûntspringt yn Perû en komt út yn de Atlantyske Oseaan yn Brazylje. De rivier streamt foar it grutste part troch it Amazônebekken en it Amazônereinwâld. Yn de reintiid kin de rivier hiel breed wurde, op guon plakken wol km breed.