Berjocht:Side fan de wike 2014/wike 38
Rudyard Kipling (folút: Joseph Rudyard Kipling; Bombay, 30 desimber 1865 – Londen, 18 jannewaris 1936) wie in Britsk skriuwer, dichter en sjoernalist, dy't fral bekend wurden is troch syn proaza en poëzij oer Britsk-Ynje, it lân dêr't er berne waard. In grut diel fan syn oeuvre giet oer Britske soldaten en oare kolonialen yn Ynje; dêrûnder binne wiidferneamde titels lykas it koarte ferhaal The Man Who Would Be King en de gedichten Mandalay en Gunga Din. Like ferneamd, of miskien noch wol ferneamder, binne syn berneboeken, dy't krektlyk yn Ynje spylje, lykas ferhalebondel The Jungle Book, dêr't de (letter troch de Disney-studio's ferfilme) ferhalen oer de minsklike welp Mowgli en it ferhaal Rikki-Tikki-Tavi, oer in heldhaftige mangoeste, ta hearre. Teffens skreau er in soad oer de njoggentjinde-iuwske Britske keapfardij, lykas it masterlike gedicht The "Mary Gloster". Syn If... waard yn 1995 troch de Britten útkeazen as harren favorite gedicht.