Berjocht:Side fan de wike 2015/wike 29
Johan Scheps (folút: Johannes Hermanus Scheps; De Haach, 13 july 1900 – Utert, 3 oktober 1993), wie in Nederlânsk politikus, lid fan 'e Twadde Keamer en publisist. Hoewol't er fan berte en komôf út in grifformeard fermidden kaam, briek er letter mei de Grifformearde Tsjerken, en sleat er him oan by de sosjalistyske SDAP. Scheps wie twer fan alle autoritêre streamings, dêr't er de Roomsk-Katolike Tsjerke ek ta rekkene, en joech him ûnder de Twadde Wrâldoarloch by it Nederlânske ferset. Yn Fryslân stiet syn oantins yn it teken fan syn bannen mei de Fryske Beweging.