Berjocht:Side fan de wike 2019/wike 38
In baan is yn 'e astronomy en de natuerkunde de troch swiertekrêft krom makke beweging fan in objekt om in oar, grutter objekt hinne. Yn 'e regel giet it dêrby om in himellichem lykas in stjer dêr't planeten omhinne draaie, of in planeet dêr't moannen omhinne draaie. Men hat it dêrom yn dizze kontekst faak oer in 'baan om 'e sinne' of in 'baan om 'e Ierde'. Yn wittenskiplike fermiddens wurdt ynstee fan 'baan', dat sa'n soad oare betsjuttings hat, faak de sekuerdere Ingelske term orbit brûkt. Men sprekt fan in orbitale baan as it lytsere objekt teminsten ien folsleine omsirkeling fan it gruttere objekt foltôget. Is dat net it gefal, dan sprekt men fan in suborbitale baan. De tûke fan 'e wittenskip dy't him dwaande hâldt mei de berekkening fan sokke banen, hjit de himelmeganika.