Berjocht:Side fan de wike 2020/wike 14

The Good, the Bad and the Ugly is in Italjaansk-Westdútsk-Spaansk-Amerikaanske westernfilm út 1966 ûnder rezjy fan Sergio Leone. De titel betsjut: "De Goede, de Minne en de Lilke" (mar ugly hat mear as ien betsjutting, dat de titel kin ek lêzen wurde as "De Goede, de Minne en de Gemiene"). It is in spagettywestern, dy't ek ta it subsjenre fan 'e refyzjonistyske western heart. De haadrollen waarden fertolke troch Clint Eastwood, Lee Van Cleef en Eli Wallach as trije skatsikers dy't middenmank de gaos fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch op 'e sneup binne nei in Konfederearre goudskat dy't neffens de geroften earne bedobbe wêze moat. De filmmuzyk waard fersoarge troch Ennio Morricone. The Good, the Bad and the Ugly markearre de trêde kear dat Leone, Eastwood en Morricone gearwurken, nei A Fistful of Dollars, út 1964, en For a Few Dollars More, út 1965. Dy beide films waarden letter mei weromwurkjende krêft yn 'e mande mei The Good, the Bad and the Ugly ûnder de Dollars Trilogy beflapt. Hoewol't The Good, the Bad and the Ugly yn 'e Feriene Steaten oarspronklik mingde reäksjes krige, wurdt de film tsjintwurdich, krekt as de oare beide dielen fan 'e trilogy, rûnom beskôge as ien fan 'e bêste westerns út 'e filmskiednis.

Lês fierder