Berjocht:Side fan de wike 2021/wike 42
Seerôverij of piraterij (fan it Frânske piraterie, dat komt fan it Latynske pirata, dat weromgiet op it Grykske πειρατής, peiratēs, mei de oarspronklike betsjutting "strûkrôver") is in die fan dieverij, geweld of oar krimineel hâlden en dragen op see, wêrby't in skip (ornaris in keapfardijskip) troch misdiedigers op ien of mear oare skippen of boatsjes oanfallen wurdt. Yn 'e regel is it de bedoeling om 'e lading en/of oare foarwerpen fan wearde te stellen. De dieders fan sokke misdriuwen wurde seerôvers of piraten neamd (hoewol't it wurd 'piraat', krekt as 'piraterij', ek oare betsjuttings hat). Seerôverij is fan alle tiden. De ierst dokumintearre gefallen datearje út 'e fjirtjinde iuw f.Kr., doe't de saneamde Seefolken de skipfeart yn it Eastlik Bekken fan 'e Middellânske See oanfoelen. Tsjintwurdich steane de kusten fan Somaalje en West-Afrika en de Strjitte fan Malakka bekend om seerôverij. Histoarysk foarmen de santjinde en de achttjinde iuw de heechtijdagen fan 'e 'klassike' seerôverij yn 'e Karibyske See. Seerôverij moat net betize wurde mei kaperij of kaapfeart, wêrby't de kapers dy't in skip oerfalle dêrta in fergunning hawwe fan it regear fan in lân. Kaperij wie foarhinne sadwaande in legitime foarm fan oarlochfiering, wylst seerôverij altyd in foarm fan organisearre misdie west hat.