Berjocht:Side fan de wike 2022/wike 12

It Akkadyske Ryk (Akkadysk: đ’†łđ’Œ”đ’† , māt Akkadi; SĂ»mearysk: đ’€€đ’‚”đ’‰ˆđ’† , a-ga-de3KI) wie it earste grutte ryk yn 'e Aldheid fan Mesopotaamje. It waard ferneamd nei de stĂȘd Akkad, dy't it sintrum foarme. It Akkadyske Ryk waard yn 'e earste helte fan 'e fjouwerentweintichste iuw f.Kr., wierskynlik yn of omtrint 2334 f.Kr. (Middellange Gronology), stifte troch kening Sargon fan Akkad, en besloech dielen fan wat no Irak, Iraan, Syrje, Koeweit en Turkije binne. Ek bĂ»ten dat gebiet wie de Akkadyske ynfloed grut, en de militĂȘre macht fan it ryk rikte sels oan DilmĂ»n ta, oan 'e sĂșdpunt fan it Arabysk SkiereilĂąn (yn wat no Omaan is). It Akkadyske Ryk berikte syn hichtepunt om 2250 f.Kr. hinne, wĂȘrnei't de Akkadyske macht fluch yn it neigean rekke, folge troch in hommels Ăștinoar fallen fan it ryk yn 2154 f.Kr. Nei in perioade fan gaos klofte de befolking fan Mesopotaamje Ășteinlik gear ta twa Akkadysksprekkende naasjes: Assyrje yn it noarden en Babyloanje yn it suden.

LĂȘs fierder