Berjocht:Side fan de wike 2023/wike 22
It Field Museum, folút: Field Museum foar Natoerhistoarje (Ingelsk: Field Museum of Natural History), soms ôfkoarte ta FMNH, is in tige foaroansteand museum yn 'e Amerikaanske stêd Chicago, dat yn 1893 oprjochte waard. It leit him ta op natoerhistoaryske ûnderwerpen en hat op dat mêd ien fan 'e grutste kolleksjes fan 'e wrâld. Dêrnjonken hat it museum alteast in diel fan syn status te tankjen oan 'e omfang en kwaliteit fan syn edukative en wittenskiplike programma's. De rûnom as treflik beoardiele fêste tentoanstellings yn it Field Museum rinne útinoar fan meteoriten en de ierst bekende fossilen oant de hjoeddeistige kultueren fan 'e wrâld en alles dat dêr tuskenyn sit. De hiele kolleksje fan it museum beslacht mear as 24 miljoen foarwerpen, mei dêropta in bibleteek mei mear as 275.000 boeken, deiboeken (û.m. fan ûntdekkingsreizgers) en foto-argiven. It Field Museum ferwolkommet jiers mear as 2 miljoen besikers.