Berjocht:Side fan de wike 2023/wike 8
In planetestelsel of planetêr systeem is in kloft himellichems, mei as wichtichsten ien of mear planeten, dy't byinoar holden wurdt troch de swiertekrêft fan in stjer, dêr't it hiele spul yn astronomyske banen om hinne rûntsjedraait. Soms sprekt men ek fan in sinnestelsel, mar dat kin ta betizing liede mei it Sinnestelsel. It bekendste planetestelsel is it Sinnestelsel, dêr't ek de Ierde diel fan útmakket. Foar oare planetestelsels wurde ek wol de termen eksoplanetestelsel of eksoplanetêr systeem brûkt. Op 1 april 2022 hiene astronomen 3.673 fan sokke eksoplanetestelsels ûntdutsen, wêrfan't teminsten 815 mear as ien planeet omfetten.