Berjocht:Tema:Fryslân/Side fan de moanne/Febrewaris
De Fryske frijheid wie de útsûnderingsposysje fan Fryslân yn it feodale Jeropa fan de midsiuwen. Dy frijheid ûntjoech him oan 'e ein fan de 11e iuw mei de delgong fan it Greefskip Mid-Fryslân. De hjoeddeiske wearde fan dy frijheid leit dan ek net yn it weromsjen nei in tiid dy't mear as fiif iuwen tebek leit, mar mear as symboal fan de Friezen as selsstannich folk. Lês fierder...