Berjocht:Tema:Skiednis/Side fan de moanne/july
De Historia ecclesiastica gentis Anglorum (Frysk: ‘Tsjerklike skiednis fan it Ingelske folk’), is in Latynsk wurk fan de Achtenearre Beda oer de skiednis fan it Angelsaksysk Ingelân, meast oer it kerstenjen fan Ingelân, benammen oer it skeel yn de Katolike tsjerke tusken de Romeinske dogmatisy en it Keltysk kristendom. It boek wurdt as ien fan de wichtichste histoaryske boarnen fan de Angelsaksyske skiednis beskôge; ek foar de Fryske skiednis is it fan belang. Troch Beda witte wy dat Aldgillis in kening wie en net ûnderhearrich oan it Frankyske ryk.