Berjocht oerlis:Koördinaten yn tekst

Lêste reäksje: 16 jier lyn troch Theun by it ûnderwerp Putsje

Twa berjochten bewurkje seksje

Moatte hjir wier twa berjochten foar komme, of wie it better it mei eat as <wiki>{{Koördinaten|yntekst|...}</wiki> te dwaan. Aliter 9 nov 2007, 22.15 (CET)Beäntwurdzje

Ik doch myn ynspiraasje altiten mar op op oare wiki's, ik haw gewoan it berjocht inline-coördinaten fan :nl oernaam. It sil bêst te kombinearjen wêze mar ik fyn dat altiten in hiel gepuzzel. Ik fûn it no lêstich genoch om it sa yn it Berjocht:Plak te krijen sa at ik it hawwe woe, altiten wer in pypke as akkolade te min as tefolle ensa. Theun 9 nov 2007, 22.44 (CET)Beäntwurdzje

Oansjen bewurkje seksje

Op it stuit is it risseltaat by my "KaartAmsterdam", mei foar de helte in keppeling. Ik hie earder eat as "Amsterdam kaart" ferwachte, of sljocht 12°23'34"N - 56°67'78"E. Dat lêste kin, at de ynformaasje twa kear jûn wurdt, mar dat earste? Is der mei sin gjin spaasje opnaam of moat dy der noch by? Aliter 9 nov 2007, 22.15 (CET)Beäntwurdzje

Sjoch hjirboppe fan it hoe. Ik kin dy ekstra tekst ek wol gewoan fuortlitte, ik wie it fan plan te brûken sa at ik no yn Finkegea en Mitselwier dien haw. Ik sil besykje dit wat te automatisearjen en mei ien as oare boarne tabel de plak berjochten oan te meitsjen foar alle plakken yn Fryslân. Ik moat dan noch wol wat ynformaasje byinoar garje. Theun 9 nov 2007, 22.44 (CET)Beäntwurdzje

It kin beide wol: mei sûnder dy foartekst of mei in spaasje der tusken. Krekt sa't it no is liket it minder gaadlik. Aliter 9 nov 2007, 23.27 (CET)Beäntwurdzje

WikiMiniAtlas bewurkje seksje

Ik bin der fierders noch net oan takaam, mar ik haw de teksten fan de WikiMiniAtlas ferfryske. Wy soenen dy (ek) brûke kinne foar de kaart, al is it dan noch net ien mei ús siden der op oanjûn. Aliter 9 nov 2007, 22.15 (CET)Beäntwurdzje

Ik hie dêr wat fan sjoen op Meta, moai dat jo dêr al wat wurk oan dien hawwe. Ik fyn dy MiniAtlas op himsels wol aardich mar it kaartmateriaal is net hielendal up to date. Ik miende dat it Dokkumer Lokaaltsje der noch as spoarferbining op oanjûn wurdt. Mar as geografysk oersjoch fan de beskikbere siden fyn ik it echt in tafoeging. Sil noch wol in hiele toer wêze om sa'n kaartsje mei ús siden dêrop hjir oan de praat te krijen. Mar dat liket my wol in moai doel. Ik haw alris hjir en dêr dy siden trochlêzen mar hoe at it no krekt moat en wat klear wêze moat om dit foarinoar te krijen bin ik noch net hielendal út. Theun 9 nov 2007, 22.44 (CET)Beäntwurdzje

Ik sil ris sjen wat ik oan it lokaaltsje dwaan kin. (Oars wol spitich: Faaks soenen der letter kaarten bykomme kinne fan de wrâld sa't dy op fêste tiden west hat; 2000, 1900, ... .) Foarearst sil ik besykje in lege atlas oan it wrâldboltsje te keppeljen. In Fryske atlas, dat moat út in útwreiding fan it projekt komme, op it stuit. Aliter 9 nov 2007, 23.27 (CET)Beäntwurdzje

It detail fan it eftergrûnkaartsje is no noch net sa bêst, je moatte it fansels ek dwaan mei it materiaal dat je brûke meie. Der sille yn de rin fan de tiid wol better alternativen komme. Foar nederlân is de openstreetmap al in aardich kompleet alternatief (allinne noch net hielendal bywurke oan't de lêste jierren). Miskien dat dit aansten te brûken is. Theun 10 nov 2007, 10.03 (CET)Beäntwurdzje

Putsje bewurkje seksje

Ik woe yn elts gefal yn de kommende tiid besykje oan de fryske plakken in Berjocht:Plak mei koördinaten ta te heakjen. Dan hawwe wy yn elts gefal in moai begjin mei de geografyske ynformaasje en falt der ek wat sjen te litten. Theun 9 nov 2007, 22.44 (CET)Beäntwurdzje

Dy triemmen fan it SBfdS, binne dêr ek de koördinaten fan plakken by? Aliter 9 nov 2007, 23.27 (CET)Beäntwurdzje
Ik liuw net dat dy dêrby steane. Mar ien fan de kaarten út it listje mei kaartmateriaal is d6er maklik foar te brûken. multimap jout ûnderoan ek de koördinaten yn graden,minuten en sekonden sa at nêdich is. Dat wurket wol maklik. Ik sil foar mysels wol efkens in windows tooltsje skriuwe dy't dy koördinaten omset nei de ynhâld nêdich foar it (koördinaten en plak) berjocht dan is dat samar klear. Theun 10 nov 2007, 10.03 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Koördinaten yn tekst".