Berlynsk Stedsslot

(Trochferwiisd fan Berliner Schloss)

It Berlynske Stedsslot (Dútsk:Berliner Stadtschloss) wie de haadwente en winterresidinsje fan de markgreven en karfoarsten fan Brandenboarch en letter fan de Prusyske keningen en Dútske keizers. It slot stie op it Spree-eilân yn it hjoeddeiske Berlynske distrikt Mitte.

It Berlynske Stedsslot mei rjochts it keizer Wilhelm monumint om 1900 hinne
It Berlynske Stedsslot mei rjochts it keizer Wilhelm monumint om 1900 hinne
Loftopname fan it Berlynske Stedsslot om 1900 hinne
Kompjûterôfbylding fan it wer op te bouwen slot
Humboldt-boks

De bou fan it slot sette útein yn 1443 en kaam ree yn 1451. Nei de Novimberrevolúsje fan 1918 is it slot as museum brûkt en hawwe der ynstellings yn sitten lykas it Keiser Wilhelm Gesellschaft en de Notgemeinschaft der deutschen Wissenschaft. Nei de Twadde Wrâldkriich rekke it slot earnstich skansearre. Der binne lykwols ferskate útstallings yn holden oer East-Berlyn. Yn 1950 hat de siktaris-generaal fan it sintrale komitee fan de Sosjalistyske Ienheidspartij fan Dútslân (SED), Walter Ulbricht besletten it slot op te blazen en bou in plein dêr’t grutte optochten holden wurde kinne. It slot is tusken 7 septimber oant 30 desimber 1950 ôfbrutsen. Tusken 1973 en 1976 is op it plak fan it Berlynske slot it Palast der Republik (Paleis fan de Republyk), in paleis fan it folk dêr’t de Volkskammer har sit hie. Nei de Dútske weriening is lykwols besletten dat paleis wer ôf te brekken nei't der in soad asbest fûn waard, dat deryn ferwurke wie. De ôfbraak wie ree op 2 desimber 2008. Yn 2002 hat it Dútske bûnsregear en it Berlynske stêdsbestjoer besletten om it âlde slot wer op te bouwen. Yn 2010 is mei de bou úteinset. Yn 2019 moat de bou ree wêze. It wie earder de bedoeling yn 2015 mei de bou klear te wêzen, mar troch besunigings en de stadige ekonomyske groei en rekonstruksje fan âlde ûnderdielen soe it mear tiid nimme as dat ferwachte wie. Op it terrein waard yn juny 2011 in toeristyske attraksje delset. Yn de Humboldt-Boks kin men sjen hoe't it slot der skielk útsjen sil. Dy opstelling sil oant 2019 stean bliuwe, wannear’t it slot dienmakke is en sil dan ôfbrutsen wurde.

Keppeling om utens

bewurkje seksje