Bernardus Accama (wierskynlik Boerum, 1696 - Ljouwert, 1756), wie in 18e-iuwske Fryske portretskilder en skilder fan histoaryske tafrielen.

Hy wie de soan fan dûmny Simon Accama en Aeltje Boetes Nievelt.

Hy wenne in grut part fan syn libben yn Ljouwert. In protte fan syn wurk gie ferlern ûnder de revolúsje fan 1795. Hy wurke ûnder oaren foar steedhâlder Willem IV. Hy wie de learaar fan syn broer Mathijs Accama.

Wurk fan Accama hinget yn it Frysk Museum en yn Frjentsjer hingje portretten fan professors.

  • Stafoffisieren fan it Rezjimint Oranje Fryslân (1731-1733)
  • Anna fan Hannover, prinsesse fan Oranje-Nassau (1736)
  • Steedhâlder Willem IV (1748)