Anna fan Hannover
Anna fan Hannover (Ingelsk: Anne, Princess Royal and Princess of Orange) (kastiel Herrenhausen by Hannover, 2 novimber 1709 – Den Haach, 12 jannewaris 1759) wie it twadde bern fan de lettere Britske kening George II, út reden dêrfan waard hja sawol yn Ingelân as yn Nederlân 'Princess Royal' neamd. Sy waard fral bekend as frou fan prins Willem IV, erfsteedhâlder fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Sy wie regintesse fan de Nederlannen fan 1751-1759.
Prinses Anna hie grutte keunstsinnige talinten: hja koe goed skilderje, song, spile klavesimbel en dwersfluit en hat nei alle gedachten ek komponearre. Teffens wie hja de wichtichste politike adviseur fan Willem IV. De húshâlding wenne earst yn Ljouwert en ferfear letter nei De Haach.
Skiednis
bewurkje seksjeAnna waard berne op 2 novimber 1709 te Hannover. Hja wie it twadde bern fan de lettere kening George II en Caroline van Brandenburg-Ansbach.
Sy learde Dútsk, Frânsk en Ingelsk en krige muzyk ûnderrjocht (mei sang en klavesimbel fan Georg Friedrich Händel. Händel dy't net graach lesjoech, sei letter dat er allinnich foar Anna dy't er prinsesseblom neamd, in útsûndering makke.
Nei de houliksplechtigens dy't yn 1734 te Londen hâlden waard, reizge sy mei har man prins Willem Karel Hendrik Friso oer de Noardsee en ferfolgens fia Amsterdam mei skip oer de Sudersee, om fia Harns yn Ljouwert telâne te kommen, dêr't sy it stee fan ferskillende lagen Fryske steedhâlders fan Nassau-Dietz beluts: it Stêdhâlderlik Hof (op it stuit in hotel) skean tsjinoer it âlde stedshûs fan de Fryske haadstêd.
Doe't har man earst steedhâlder wurden wie fan Grins, Drinte, Gelderlân en Fryslân en yn 1747 as erfsteedhâlder en kapitein-generaal en admiraal fan de Uny waard beneamd - dus fan de hiele Republyk fan de Feriene Provinsjes - ferfear de steedhâlderlike family mei sawat de folsleine hofhâlding (goed 120 persoanen) fan Ljouwert nei De Haach, nei paleis Hûs de Bosk.
Ut it houlik fan Anne en Willem waarden fiif bern berne, dêr't twa fan grut waarden, Wilhelmina Carolina (1743-1787) dy't troude mei Karel Christiaan fan Nassau-Weilburg en Willem Batavus (1748-1806), de lettere erfsteedhâlder Willem V, troude mei Wilhelmina fan Pruisen.
Nei de dea fan har man wie Anna fan 1751-1759 regintesse foar har ienige soan prins Willem. Dêrby stipe sy bot op Douwe Sirtema fan Grovestins.