Douwe Sirtema fan Grovestins

Douwe Sirtema fan Grovestins (Ljouwert, 24 desimber 1710 - Brussel, 26 febrewaris 1778) wie in Fryske jonker dy't oansteld wie as keamerhear oan it Steedhâlderlik Hof fan prins Willem IV. Lykas syn frou, in hofdame fan prinsesse Anna fan Hannover, bleau er de widdo tsjinjen nei it ferstjerren fan de erfsteedhâlder. As ien fan de meast wichtige fertsjintwurdigers fan de Fryske eallju gie er deistich by har op besite en bespruts er de rinnende saken mei har. Neffens Frânsk geroft yn 1756 [1] - dy't faaks te meitsjen hienen mei it útbrekken fan de Sânjierrige Oarloch (1756-1763) - soe er bysûndere geunsten by de prinses hân hawwe. Grovestins waard in pear jier letter beskuldige fan alles en noch wat om him op in minne namme te krijen en him oan de kant skowe te kinnen.

Douwe Sirtema van Grovestins (1710-1778)
 
Print (1756) fan it rariteitekabinet fan Katarina Sinolt von Schutz.[2]

Douwe Grovestins wie de soan fan Jan of Jehannes Grovestins (1686 - 1717) en Katarina fan Haren (1687 - 1771).[3] De famylje stammet út Ingelum.[4] Douwe syn heit wie ritmaster en keamerhear fan Maria Louise fan Hessen-Kassel. Douwe wie in neef fan Onno Zwier fan Haren en Willem fan Haren (1710-1768). Oer syn jeugd is fierder net folle fan bekend, mar omdat er fan deselde jierren as de prins wie, soenen sy wol in soad mei-inoar oplutsen hawwe kinne. Yn 1734 kamen de prins en syn frou oan yn Ljouwert. De ûnderhannelingen foar it houlik hiene leafst tolve jier duorre.

Grovestins moat de Frânske kok Vincent la Chapelle dy't meikaam nei Ljouwert kind hawwe, want beide wiene lid fan de earste frijmitselerijlôzje.[5] Grovestins troude op 28 augustus 1736 yn Londen mei Carolina Sinolt von Schütz.[6] Ek neef Willem fan Haren wie boaske oan in Ingelske hofdame.

Grovestins oan it steedhâlderlik hof

bewurkje seksje
 
Garde du corps

Yn 1738 waard Grovestins keamerhear en yn 1741 kolonel fan it Gardes du Corps. Itselde jier waard er foarút stjoerd nei Hannover om in besite fan Anna oan har heit George II fan Ingelân, mei wa't hja al jierren skeel hie, mooglik te meitsjen.[7] Yn 1746 waard er beneamd ta heechste stâlmaster fan de steedhâlder, opfolger fan syn broer dy't fanwege in oplichtingsaak syn funksje oerjaan moast.[8] Grovestins like wol berne foar it hof: úté heine te brûken, fatsoenlik, noflik yn de omgong,[9] mar yn jildsaken koe men net fan him op oan.[10] Doe't yn 1747 in ein kaam wie oan it Twadde Steedhâlderleaze Tiidrek ferhuze it hof fan Ljouwert nei de Haach. Nei de dea fan Willem IV naam de hoflike en fleurige Grovestins in wichtich plak yn; eltse dei gie er oardeloere by de prinses op besit.[11] Hy waard belutsen by it opbringen fan prinses Karolina fan Oranje-Nassau en prins Willem V.[12] De prinses is wol omskreau as ritich, frjemd, grutsk, ferheftich, fals, healwiis en idel en der waard besocht om de hartoch as steedhâlder te beneamen want prinses Anna, dy't as absolutistysk en willekeurich bekend stie, waard beynfloede troch de Fryske kabaal.[13]

Yn 1751 liet Grovestins deistich jild oermeitsje nei Ingelân.[14] Pas yn 1758 waard bekend dat hy yn it ferline winst makke hie troch hynders út de steedhâlderlike stâl te ferkeapjen en dy dêrnei op kosten fan de prins wer werom te keapjen.[15] Dat noaske de tsien jier âlde prins Willem V net; dy woe Grovestins ferfolgje litte en rôp dat er mei "earlike lju" omgean woe. Boppedat kaam it út dat Grovestins yntime relaasjes ûnderhold mei in man en dat er as kommandant fan "gardes du corps" 24 stuorren wyks efterholden hie, op de uniformen koper ynstee fan goud brûkt hie en 44 man minder yn de liifwacht opnaam hie as dat moatten hie.[16] Dêrneist waard er beskuldige fan it ferkeapjen fan in iepenbier amt om der sels better fan te wurden doe't er yn 1756 it gûverneurskip fan Seylon foar 70.000 gûne ferkocht hawwe soe oan in freon.[17] It soe gean om Jan Schreuder, in Hamburger en ea begûn as gewoan soldaat, dy't yn 1756 aas gûverneur op Seylon beneamd waard [18] en yn 1761 wer nei Batavia ferhuze. Syn ferbliuw fan fiif jier soe neffens tiidgenoaten 625.000 oant 750.000 gûne opsmite hawwe kinnen;[19] Schreuder soe as Ried fan Ynje "mar" 4.000 gûne it jier fertsjinne hawwe. It is net dúdlik wat Grovestins it rjocht joech dyn funksje te ferkeapjen. It liket dêrop dat er gjin bewâldfierder wie, mar faaks fungearre er as tuskenpersoan; de Hearen XVII, dy't har net graach de lampe útslaan lieten, hawwe dy beneaming wol bekrêftige.

Omdat Grovestins tige goed mei de prinses koe, kamen der praatsjes yn de wrâld. Mei oare út Fryslân meireizge adviseurs sa as Jan de Back en Gemme Onuphrius fan Burmania krige Grovestins skeel mei de Hollânske adel, ûnder oaren mei de kundige Willem greve Bentinck van Rhoon, dy't sels graach de haadrol spylje woe. Yn 1758 bea Grovestins oan om fuort te gean at er earne kommandant wurde koe.[20] Yn 1759 knibbele syn frou, Carolina Sinolt von Schütz,[6] foar de hartoch fan Brunswyk en frege om har man net te ferfolgjen omdat de famylje dan ruïnearre wurde soe. Loadewyk Ernst andere dat as jo jild yn Londen, Parys en Feneesje útstean hawwe, dat it allegear wol wat meifolle soe. Grovestins en syn soan namen ôfskied fan it korps en setten ôf nei Aken, faaks om te kueren, wis is it net.[21] De leiding fan de FrYske kabaal waard oernaam troch syn neef Onno Zwier fan Haren, in loskop. Ek hy moast it ôflizze tsjin Bentinck van Rhoon en de (grouwe) hartoch.

Nei it ferstjerren fan prinses Anna yn 1759 late de wjerstân fan de Fryske eallju tsjin de hartoch en de houliksgadingmakker fan de 16 jier âlde prinses Caroline, Karel Kristiaan fan Nassau-Weilburg, ta ferheftige diskusjes en tsjinstellingen. Grovestins, dy't ek it fertrouwen fan Caroline hie, drige yn in proses behelle te wurden fanwege ynkomsten fan syn rezjimint dy't net tastien wienen. Ien fan syn wachtmasters, dy't fêstsiet yn de Finzenispoarte te De Haach, krige besite fan in as frou ferklaaide Grovestins.[22] De oanlieding is ûndúdlik. Grovestins wie de wichtichste tsjinstanner fan de hartoch fan Brunswyk, dy't besocht him kwyt te reitsjen; de saak blaeu lykwols "aan de spijker hangen". Grovestins hie nammentlik brieven fan steedhâlder Willem IV yn besit, dêrtroch miende er dat er nea ferfolge wurde soe.[23] Van Haren soe y 1760 juridysk ferfolge wurde fanwege in ynsestaffêre; in kwealasterkampanje dêr't de hartoch ek part oan hie. [24]Van Haren luts him werom op syn bûtenpleats by Wolvegea en Grovestins ferkocht syn besittingen yn Fryslân en ferfarre nei Brussel. De hartoch like de striid oan it hof wûn te hawwen.[25]

Grovestins yn de Súdlike Nederlannen

bewurkje seksje

Yn 1762 wie Grovestins kommandant fan Veurne, mar hy krige noch hieltyd betelle as heechste stâlmaster en krige fierders in fergoeding foar syn wente yn De Haach.[26] Hy hie al earder in totale ûntheffing fan de ferplichting om yn syn gûvernemint te wêzen fan de prinsesse krige.[27] De funksje fan heechste stalmaster ferlear er lykwols it jier dêrop.[28] Grovestins drige yn 1763 syn brieven fan de steedhâlder te publisearjen at er fierder ûnder druk kaam te stean en it ta in proses late soe.[29] Yn dy tiid waard er troch in soad minsken foar ûnskuldich holden fan de ferskate, soms lytse, mistappen. [30] Grovestins tocht dat er wol weromkomme koe at de prins mearderjierrich wurden wie yn 1766. De wjerstân tsjin de hartoch waard slimmer. De opskuor oer har neef Loadewyk Ernst fernuvere Maria Teresia bot. Ek Freark de Grutte begûn him mei de saak te bemuoien. Hy pleite foar rehabilitaasje fan Grovestins.[31] Yn 1769 reizge Grovestins opnij yn it geheim nei De Haach, mar it slagge him doe net om de saak te rêden.[32].[33]

Grovestins bleau yn Brussel en waard de beskermhear en frijer fan Etta Palm d’Aelders, dy't er yn in herberch yn Breda moete hie. Sy gie by him yn en fermakke har mei de grande bourgeoisie yn de stêd. Yn 1773 gie se by him wei en sette ôf nei Parys. Dêr soe sy as koertisane, suffragette en spionne namme meitsje.[34] Palm organisearre in politike salon dy't besocht waard troch Frânske revolúsjonêren, dêr't Jean-Paul Marat ek by wie.

Yn 1774 kaam der dochs noch in soarte fan rehabilitaasje doe't Grovestins beneamd waard ta luitenant-generaal yn it Steatske leger en ta gûverneur fan it barriêrefort fan Ieper yn de Eastenrykske Nederlannen.[35] Yn 1779 fernijde Gijsbert Jan fan Hardenbroek dat Grovestins syn brieven nea bekend makke hat omdat er it fertsjinne jild mei de prinses dield hie.[36] Grovestins hie de prinses yn beskerming naam, dy't yn de neilittenskip fan har man min bedield wie, sadat der selfs in kollekte foar har holden wurde moast yn De Haach.

Fanwege it feit dat Grovestins in sintrale rol spile yn de korrupte praktiken om it steedhâlderlik stelsel hinne, gie er net sok moai praat oer him. Grovestins soe in ferhâlding hân hawwe mei prinses Anna, en sels de heit wêze fan prins Willem V. Dy geroften ûntstienen al koart nei de dea fan prins Willem IV en waarden yn ferbân brocht mei syn ûnderstelde ympotinsje, bygelyks yn in pamflet út 1782. De patriotske skriuwer fan it pamflet hie dúdlik politike redenen om de legitimiteit fan de steedhâlder yn besprek te jaan. Dy geroften waarden oant yn de 21e iuw ophelle yn anti-Oranjerûnten.[37] De ûnderstelde likenis tusken Grovestins en Willem V oertsjûget net neffens Veronica Baker-Smith omdat Willem V ek in protte op Willem IV like, dy't grif wol by steat wie in bern by syn frou oan te setten, want Anna wie foar de berte fan Willem al seis kear swier west. [38] Yn 2009 waard de ûnderstelde moard op in oranzjist, Kasimir Abraham Greve fan Schlippenbach (1682-1755), yn ferbân brocht mei it saneamde heit-wêzen fan Douwe Sirtema fan Grovestins fan Willem V. Neffens Smits en Vogel waard Anna fan Hannover sjantearre trich immen dy't wist dat Willem IV net de heit wie fan de jonge erfgenamt Willem V. Willem IV hie nammentlik in slimme foarm fan fimosis dêr't er troch gjin geslachtsferkear hawwe koe. Allinne in intimus fan de Oranjes, sa as Schlippenbach, soe dat witte kinnen hawwe.[39]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, deel I, s. 136.
  2. http://www.mailchristies.com/LotFinder/lot_details.aspx?pos=9&intObjectID=5075045&sid=
  3. http://wc.rootsweb.ancestry.com/cgi-bin/igm.cgi?op=GET&db=jansenk&id=I275788
  4. http://www.simonwierstra.nl/GROVESTINS.htm
  5. Onno Zwier van Haren (1713-1779): staatsman en dichter troch P. Van Der Vliet [1]
  6. 6,0 6,1 Rijksbureau voor Kunsthistorische Documentatie
  7. Geyl, P. (1924) Willem IV en Engeland tot 1748 (Vrede fan Aken), s. 69
  8. Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, diel I, d. 35; deel IV, s. 110.
  9. Nassau en de macht van Oranje: de strijd van de Friese Nassaus voor hun ... troch Marijke Bruggeman [2]
  10. Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, diel I, p. 68.
  11. Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, deel I, p. 99.
  12. W.R.D. van Oostrum, Juliana Cornelia de Lannoy (1738-1782): ambitieus, vrijmoedig en gevat (1999) p. 287. ISBN 906550057X.
  13. Nijhoff, D.C. (1889) De hartoch fan Brunswyk, s. 27, 31, 33
  14. Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, diel I, d. 76.
  15. Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, diel I, s. 125, 280, 290.
  16. Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, diel I, s. 156.
  17. J. Israel (1995) The Dutch Republic, its rise, greatness and fall, 1477-1806, s. 1082 (ISBN 0-19-873072-1 hardcover, ISBN 0-19-820734-4 paperback)
  18. Wijnaendts van Resandt (1944), De gezaghebbers der Oost-Indische Compagnie op hare buiten-comptoiren in Azië, s. 79.
  19. Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, deel I, s. 181.
  20. Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, deel I, s. 140.
  21. Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, diel I, s. 152.
  22. Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, deel I, s. 163-164.
  23. Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, deel I, s. 165, 174.
  24. Ek de Greve fan Gronsveld en Willem Sautijn wienen yn de ôfroanne jierren oer de streek brocht yn harren funksje by de Admiraliteit fan Amsterdam
  25. Archieven van de Friese stadhouders: inventarissen van de archieven van de ... Door A.P. van Nienes, M. Bruggeman [3]
  26. Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, deel I, s. 211.
  27. Bootsma, N.A. (1962) De hertog van Brunswijk 1750-1759, s. 32.
  28. A.J.C.M. Gabriëls, De heren als dienaren en de dienaar als heer. Het stadhouderlijk stelsel in de tweede helft van de achttiende eeuw [=Hollandse Historische Reeks, deel 14 ('s-Gravenhage: Stichting Hollandse Historische Reeks, 1990), s. 128-129.
  29. Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, deel I, s. 259.
  30. Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, deel I, s. 231.
  31. Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, deel I, s. 304.
  32. Yn 1770 waard syn soan yn Maastricht, in stêd dy't sawol troch Karel Nicolaas Alexander d'Oultremont, de prins-biskop fan Luik, as troch de Steaten-Generaal fan de Nederlannen bestjoerd waard, beneamd
  33. Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, deel I, s. 339.
  34. http://www.cf2r.org/fr/notes-historiques/souvent-femme-varie-une-espionne-hollandaise-paris.php
  35. It is noch net dúdlik hokker neisieten erkend waarden as baron yn it Keninkryk fan de Nederlannen en yn welk jier.
  36. Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, deel I, s. 527.
  37. http://www.prorepublica.nl/artikel.aspx?a=vermoord_voor_dynastie&t=Vermoord+voor+de+dynastie?
  38. Veronica P.M. Baker-Smith, A life of Anne of Hanover, Princess Royal (Leiden: Brill, 1995), s. 140-141, ISBN 9004101985.
  39. Marjan Smits en Hans Vogel, Vermoord voor de dynastie?, [4]; n.o.f. it troch harren skreaune boek Een oorlogsman van dezen tijd en een beminnaar der sexe. Autobiografy van Casimir Abraham Graaf van Schlippenbach (1682-1755) (Amsterdam 2007) (ISBN 9789045701103).