Aaron Barend (Bernard) Davids (Amsterdam, 28 augustus 1895 - Bergen-Belsen, 22 febrewaris 1945) wie in Nederlânske opperrabbyn.[1]. Hy wie ek bekend as A.B.N. Davids of Aäron Jiisachar Davids. Yn Rotterdam is it A.B.N. Davidsplein nei him ferneamd.

Portret fan Davids

Libben en wurk

bewurkje seksje

Davids wie in soan fan diamantsliper Nehem Davids en Rosa Dinner/Dünner. Hy wie fan memmekant in pakesizzer fan rektor Joseph Hirsch Dünner. Hy troude mei Erika Feuchtwang, sy krigen trije bern.

Davids studearre yn Amsterdam oan it Nederlânsk Israelitysk Seminarium en helle dêrnjonken it kandidaatseksamen klassike letteren oan de Universiteit fan Amsterdam.[2] Neidat hy syn moré-titel helle hie, studearre er noch in skoft oan it Seminarium yn Berlyn.

Davids waard 1924 beneamd ta opperrabbyn fan it synagogaal resort Fryslân. Yn 1927 gie er oer nei Grinslân, dêr't er de jong ferstoarne Abraham Asscher opfolge. Op 6 april 1930 waard er ynstallearre as opperrabbyn fan it resort Rotterdam.

Yn de Twadde Wrâldkriich wegere Davids om ûnder te dûken, hy woe ticht by syn minsken stean bliuwe. Hy waard lykwols arrestearre en op 7 juny 1943 mei syn húshâlding oerbrocht nei kamp Westerbork. Op 11 jannewaris waard er op transport set nei konsintraasjekamp Bergen-Belsen, dêr't er in moanne letter yn de âldens fan 49 jier stoar.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. JodeninGroningen.nl: rabbijnen
  2. Hagedoorn, J. 'Davids, Aäron Barend (1895-1945)', yn Biografysk Wurdboek fan Nederlân.