Bernardahûs
Bernardahûs, ek: Bennerhûs is in eardere state. Hy stie súdeastlik fan Lichtaard oan de Dokkumer Ie. De namme is ôflaat fan de foarnamme Bernard. Fan de state is neat werom te finen. Op in omgrêfte en troch in beamwâl omseame stee stiet in mânske kop-hals-romppleats mei ûnderkeldere foarhûs út it tredde fearn fan de 19e iuw.
It ûntstean is ûnbekend, mar mooglik bestie er al foar 1200. Bernardahûs hiet yn de 12e iuw Bernardabuorren. Meardere generaasjes fan de family Bernarda, dy't dêr wennen, wurde yn de Abtelibbens fan Mariëngaard beskreaun. Earst waard in diel fan dat lângoed oan it kleaster Klaarkamp skonken en ta froujuskonvint ynrjochte; dêrneist bleau it adelshûs noch in tiidlang bestean. Uteinlik krige Klaarkamp hiel Bernardabuorren.
Neidat de froulju nei oare plakken gien wienen, wie Bernarda- of Bannerhûs in úthôf fan it kleaster. Yn de 15e iuw waard de úthôf ek foar gearkomsten brûkt fan de lângemeente fan de Noardlike Njoggen (Ferwerdera-, Dongera- en Dantumadiel). Yn 1511 wie de stamfaar fan de hjoeddeiske family Van Beyma (thoe Kingma) kleastermeier op Bannerhûs.
Eigeners
bewurkje seksje- 1511 kleaster Klaarkamp
- 1640 grytman Epo fan Douma eigener, Eelke Douwes brûker
- 1698 “Grietman Nysten weduwe en erven” eigener, Claes Wynsen brûker.
- 1700 erven fan wilen frouwe Nijsten
- 1728 Lammert Bockes 1/3, Wynsen Claeses 1/3 en Eelse Bockes nom. ux. 1/3, brûker Oege Sydses
- 1832 Alle Sijmons Akkerman en mei-eigeners
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|