Jonker Bernhard Mets, ek: Metz, Metzsch, Metsk, waard mei de ridders W. fan Schaumburg en W. fan Harrys en mei jonker Nittert Foks yn 1498 troch Albrecht fan Saksen, beselskippe troch de ôffurdigen foar Westergoa, nei Fryslân stjoerd om it lân foar him yn besit te nimmen en neamd kertier te beskermjen tsjin de frjemde feinten. Oan de dêrop folgjende gefjochten hat ek jonker Bernard meidien, benammen oan dy, dy't levere waarden tsjin de bewenners fan Sânwâlden om dyen te ûnderwerpen. Sa die hy mei oan de tocht dêrhinne dy't al yn Akkrum staakt waard (1 juny 1498), omdat de wâldlju de tafier fan geskut en libbensmiddels wisten te ûnderskeppen en fierder it lân by Aalsum ûnder wetter setten. Om Pinksteren hinne wie der in nije tocht, dêr't ek Metsch oan meidie. Dizze tocht, fan Starum út ûndernomd, late ta in grutte oerwinning op de net oefene wâldlju dy't, fertrouwende op harren oermacht, sels de komst fan harren Ljouwerter bûnsmaten net ôfwachte hienen. Gaasterlân waard dêrnei brânskatte.

Foar jonker Metsch duorre de rêst net lang. Al op 29 july gie hy mei jonker Slens (Slenitz) en jonker Hans fan Grumbach en harren kriichsfolk út Snits nei Aelsum om fan dêrút de wâlden yn te lûken. Mar nochris waarden de slûzen iepensetten en moasten se sûnder eat bedijd te hawwen nei Snits werom.

Dêrnei wurdt lange tiid neat mear fan Mets heard. Seker is wol dat hy ek de soannen fan hartoch Albrecht tsjinsten bewezen hat. Sa wie hy de fertsjintwurdiger fan harren partij op de deifeart, dy't yn Ksanten bepaald waard ynstee fan yn Dimter. Foar Dimter hie de biskop fan Utert al frijgeliede oanfrege ten bate fan de Grinzers (1505). Mets wie yn dy tiid amtman yn Harns.

Yn 1512 treffe wy him oan as ien fan de reginten en rieden fan it Hof fan Fryslân; trouwens ek noch yn 1514, dus ûnder it bestjoer fan greve Everwyn fan Bentheim. Hy sil koart dêrnei grif, mei de ûndergong fan it Saksyske bestjoer, ek út Fryslân ferdwûn wêze.

Yn deselde tiid of wat earder komt de ( grif in neisiet fan Bernard) Hans Metsch foar, en wol as ûndermaarskalk fan hartoch Ernst fan Saksen (1464-1465).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • Naamrol der Edele Mogende Heeren Raden 's Hoffs van Friesland (Ljouwert 1742) 4;
  • F.A.v. Langenn, Herzog Albrecht der Beherzte (Leipzich 1838) 558;
  • J.L. Berns, Verslag aangaande een onderzoek naar archivalia uit het tijdperk der Saksische hertogen 315;
  • O. Sperling - Herzog Albrecht der Beherzte vn Sachsen (Leipzich 1892) 9, 12