Bertrie Wierenga
Bertrie Wierenga (Ljouwert, 26 oktober 1989) is in Fryske aktrise en model.
Bertrie Wierenga | ||
akteur | ||
Bertrie Wierenga as 'Goaitske fan Goaitsen' yn de film Stjer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Bertrie Wierenga | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 26 oktober 1989 | |
berteplak | Ljouwert | |
reg. identiteit | Frysk | |
jierren aktyf | 2013-no | |
prizen | Televizier-Ring 2023 | |
offisjele webside | ||
https://www.bertriewierenga.nl |
Libbensrin
bewurkje seksjeWierenga waard berne yn Ljouwert en ferfear op lettere leeftyd nei Hurdegaryp. Al jong woe se aktrise wurde. Sa wie hja op 10-jierrige leeftijd al te sjen yn de musical Oliver Twist fan Joop van den Ende. Ek sleat se in jeugddûnsoplieding yn Fryslân súksesfol ôf. Sûnttiids wie Wierenga yn meardere lytsskalige teäterproduksjes te sjen en wie se fjouwer jier lang lid fan de showmusical-dûnsgroep Dance Explosion.
Wierenga wurke yn dizze perioade ek as model. Hja rûn ûnder oare foar Addy van den Krommenacker en Oso Couture en wûn in 2008 de modellewedstryd Next Mata Hari.[1]
Yn de jierren dêrnei folge se ferskate aktearopliedings. Yn 2013 spile Wierenga de haadrol Fredau Buwalda yn de koarte film Paradise now foar it '48 Hour Film Project'.
Neist aktearjen hat Wierenga besocht om in sjongkarriêre op te bouwen; sa hat se online meardere nûmers covere en die se yn 2016 audysje by The Voice of Holland. [2]
Yn 2017 wie Wierenga yn lytse rollen te sjen, wêrûnder yn Moordvrouw, B.A.B.S. en Meisje van plezier. Hja hie in gruttere rol yn de rige Celblok H. Boppedat wie se dat jier as haadrol te sjen yn de koarte film Paf foar it 48 Hour Film Project, dy rol levere har in nominaasje op foar 'bêste aktrise'.
Yn 2018 spile Wierenga gastrollen yn De Spa en De Kameleon.
Wierenga krige yn 2019 by it grutte publyk bekendheid doe ’t se de rol fan Shanti Vening fertolke yn de RTL 4-soap Goede tijden, slechte tijden. Yn 2017 wie se al yn de soap as in oar personaazje yn in gastrol te sjen. [3][4]
Yn 2021 docht se mei yn de Fryske aksjekomeedzjefilm Stjer yn de rol fan resersjeur Goaitske fan Goaitsen. Yn 2023 wûn Bertrie in Televizier-Ring foar bêste akteur.[5]
Filmografy
bewurkje seksjeFilm as aktrise | |||
---|---|---|---|
Jier | Produksje | Rol | Opmerkingen |
2013 | Paradise now | Fredau Buwalda | Koarte film foar 48 Hour Film Project |
2017 | Paf | Marrit Pieters | Koarte film foar 48 Hour Film Project |
2017 | Huisvrouwen bestaan niet | ûnbekend | gastrol |
2021 | Stjer | Goaitske fan Goaitsen | resersjeur |
Televyzje as aktrise | |||
Jier | Produksje | Rol | Opmerkings |
2017 | Moordvrouw | sjoernaliste | gastrol |
2017 | B.A.B.S. | servearster | gastrol |
2017 | Celblok H | Mel de Groot | byrol |
2017 | Meisje van plezier | escortfamke | gastrol |
2017 | Goede tijden, slechte tijden | onenightstand fan Job Zonneveld | gastrol |
2018 | De Spa | klant | gastrol |
2018 | De Kameleon | plysjefrou | byrol |
2019-no | Goede tijden, slechte tijden | Shanti Vening | haadrol |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|