Stjer is in Fryske film út 2021 fan Emiel Stoffers, sjonger fan de Fryske band De Hûnekop.

Stjer
film
Freddy en dril sersjant
Freddy en dril sersjant
makkers
regisseur Emiel Stoffers, Janko Krist
senario Emiel Stoffers
muzyk De Hûnekop
spilers
haadrollen Emiel Stoffers
byrollen Bertrie Wierenga, Johannes Rypma, Twarres, Femke en Elske DeWall, Oele Plop, Frerik de Swetser, Iris Kroes, Teake van der Meer en De Doeleazen.
skaaimerken
premiêre septimber 2021 [1]
foarm langspylfilm
sjenre aksjekomeedzje
taal Frysk
spyltiid 90 minuten
Freddy as Eamel de Hûnekop
Eamel de Hûnekop as seksy Eamel de Hûnekop
Eamel de Hûnekop as Eamel de Hûnekop
Pisje

Yn de aksjekomeedzje fan oardel oere sit in soad humor en muzyk fan Stoffers en De Hûnekopgitarist Jeroen Seinstra. Yn de film folgje slapstick humor, situaasjes, fisuele grappen en wurdgrappen elkoar yn heech tempo op. De film is net botte subtyl, der komme in tal hurde en klisjees foarby. De bedoeling fan de film is dan ek om minsken gewoan wer efkes laitsje te litten.

Meidat it Hûnekopfestival troch de koronapandemy net trochgie, en de optredens stilleine, hie Stoffers net folle omhannen. [2]

Begjin 2020 waard hy ynspirearre troch de film Dolemite is my name, in film oer in man dy’t sels in film makke, mei in lyts budzjet. [3] Yn de tiid fan de earste korona-lockdown, op 1 april 2020, lansearre De Hûnekop in eigenmakke treler op syn webside, mei in link nei tagongskaartsjes. Dejingen dy’t op de link klikten, krigen fuort te sjen dat it om in grap gie. Stoffers krige lykwols in soad e-mailtsjes fan teloarstelde minsken.[4] Emiel Stoffers socht help by Janko Krist, dy ’t wurke by Omrop Fryslân en programma’s as Man Bijt Hond.

Emiel Stoffers fan De Hûnekop skreau it skript tegearre mei regisseur Janko Krist. Krist waard bekend as regisseur fan televyzjeprogramma's as Hea! fan Omrop Fryslân, Buorkje foar begjinners en it Nederlânske Man bijt hond. De makers lieten har ynspirearje troch films as Flodder, New Kids, Naked Gun en Bassie & Adriaan. It lûdgedielte fan de film waard fersoarge troch gitarist Jeroen Seinstra fan De Hûnekop.

Yn de film wurdt Hûnekopsjonger Emiel Stoffers folge. Hy hat yn de haadrol as Hûnekopsjonger stjerallueres krigen. Troch alle súksessen fan De Hûnekop is er feroare yn in 'arrogante, egotrippende, narsistyske, frou-ûnfreonlike, kokainesnuvende mispunt'.

Wyls stjerre ûnder fertochte omstannichheden, hieltyd mear bekende Fryske stjerartysten. Guon artysten helje de ein fan de film net. Sa wurde Griet Wiersma en Anneke Douma opblaasd. Geandewei docht bliken dat it om in searjemoardner giet dy 't it op Fryske sjongers foarsjoen hat. Resjersjeur Goaitske fan Goaitsen, spile troch Bertrie Wierenga, ûndersiket de saak en warskôget Emiel foar it gefaar. Emiel falt as in blok foar har. Yn de film hat Stoffers it dreech as sjonger en hy beslút om de Amsterdamske swalker ‘Freddy’ yn te wurkjen om syn plak as sjonger fan De Hûnekop yn te nimmen. Emiel sels wurdt de manager fan Freddy. Mar Freddy ferstiet gjin Frysk en wit dus ek net wat der krekt te rêden is. It bedroch fan Emiel Stoffers kin fansels net lang goed gean.

In grut oantal artysten en bekende Friezen spilet mei yn de film, lykas Johannes Rypma, Twarres, Gewoon Bram, Femke en Elske DeWall, Oele Plop en Frerik de Swetser, mar ek Iris Kroes, Boer Frans, Teake van der Meer en De Doelleazen. Yn de film sit ek in roltsje foar de tolvejierrige Hûnekop-fan Donny.[5] De resersjeursrol wurdt spile troch de Ljouwerter aktrise Bertrie Wierenga, bekend fan de soap Goede Tijden, Slechte Tijden. In grutte rol is der yn de film foar Harm Bakker en in protte Fryske stjerren, mar dy stjerre ek hast allegear.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Friese actiekomedie 'Stjer' in september in de bioscopen te zien, actiefonline.nl, 22 april 2021
  2. Hûnekopfestival giet net troch, mar De Hûnekop is wol drok mei Stjer, Omrop Fryslân, 17 oktober 2020
  3. Stjer - it skitterjend filmdebút fan Emiel Stoffers, De Westereender, 9 novimber 2020
  4. Emiel Stoffers maakt Friese actiefilm: ‘Hier kan Hollywood nog wat van leren', Omrop Fryslân, 31 augustus 2020
  5. Donny (12) speelt in een nieuwe Friese actiefilm, NOS Jeugdjournaal, 28 septimber 2020