Frerik de Swetser

Frerik de Swetser, artystenamme fan Frerik Samplonius (Wikel, 27 febrewaris 1994), is in Nederlânske sjonger en songwriter.

Frerik de Swetser
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Frerik Samplonius
nasjonaliteit Nederlânsk
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre rûchhouwermuzyk
sjongtaal Nederlânsk, Frysk
ynstrumint sjonger, songwriter
grutste hit(s) Iderien wurdt bekend behalve ik
jierren aktyf 2013 - no
offisjele webside
Oer Frerik de Swetser

Frerik waard bekend troch syn skiffle-eftige nûmer Iderien wurdt bekend behalve ik. Dit nûmer helle yn 2016 it tredde plak fan de Fryske Top 100. Frerik Samplonius trede op yn it foarprogramma fan De Hûnekop en Strawelte en wie gast by Omrop Fryslân. By optredens begeliedet er himsels op de gitaar en spilet hy ferskate muzykstilen, lykas rock 'n roll, sixties, country en ‘rûchhouwermuzyk’. Hy covert dan ek graach ferskes fan Strawelte en De Hûnekop.

Frerik is skipper by in tankfeartrederij en wennet yn Sânmar. Al jong song hy yn it tsjerkekoar fan Balk. Syn artystenamme is ûntliend oan syn optriuwboatsje 'De Swetser' dêr't er as jonkje yn farde.[1] Syn sels skreaune nûmers geane ek oer dingen yn syn neiste omjouwing. Sa skreau er bygelyks in nûmer oer syn maat Sjoerd en oer syn auto, de 280 SE.

  • Iderien wurdt bekend behalve ik (2016)
  • Elke gek hat syn gebrek (2016)
  • Simmerdeis (2016)
  • Bier falle litte
  • Swetse en sweare (2019)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Balkster Krante, 10 desimber 2016