COVID-19

(Trochferwiisd fan Koronapandemy)

COVID-19 (ôfkoarting fan it Ingelske coronavirus disease 2019), yn de folskmûle better bekend as koroana of corona, is in ynfeksjesykte feroarsake troch it firus SARS-CoV-2. De sykte ûntstie yn Wuhan, haadstêd fan 'e Sineeske provinsje Hubei, yn 't lêst fan 2019, en ferspraat doe yn trije moannen nei oare dielen fan 'e wrâld. Fan 11 maart 2020 ôf is der sprake fan in offisjele wrâldwide pandemy. Der wurdt fanút gien dat de sykte in soönotyske oarsprong hat.

Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


De wichtichste symptomen fan COVID-19 binne koarts, hoastjen, en koartamigens . Minder faak foarkommende symptomen binne: skiterij, abdominale pine, ferlies fan rookgefoel en smaak en wurgens . Diskusje bestiet oer blisterjen en winterske teannen.[1][2]

In part fan 'e ynfekteare persoanen hawwe milde as gjin symptomen. By persoanen mei in fermindere ymmúnsysteem, lykas âlderein en groanysk siken, kin de sykte lykwols resultearje yn slimme longûntstekking mei soms fatale útkomst. De oerdracht fan 'e sykte fynt foaral plak troch hoastjen en prústjen, wêrby't ynfektearre druppels ynhalearre wurde.

Sûnt jannewaris 2020 wurdt der nei in medisyn foar COVID-19 socht. Ek wurdt der oan in faksin tsjin SARS-CoV-2 wurke.

Untdekking fan 'e sykte

bewurkje seksje
 
Tiidline fan besmetting COVID-19.

De sykte waard foar it earst fêststeld yn 'e Sineeske metropoal Wuhan, by pasjinten mei in longûntstekking sûnder skynbere oarsaak. It wie dokter Li Wenliang dy't syn kollega's op 30 desimber 2019 warskôge dat der in epidemy drige. De sykte ferspraat doe rap, trochdat it Sineesk regear yn it earstoan besocht de saak ûnder de pet te hâlden, troch it ûntbrekken fan immuniteit ûnder de pleatslike befolking, en in protte ynternasjonale asymptomatyske reizgers dy't it firus fanút Wuhan thúsbrochten. Op 11 maart 2020 kundige de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) oan dat der sprake fan in offisjele pandemy wie.

Nammejouwing

bewurkje seksje

Op 11 febrewaris 2020 kundige de Wrâldsûnensorganisaasje oan dat de nije, ûnbekende firale sykte de namme COVID-19 krije soe, in ôfkoarting fan coronavirus disease (koroana/coronafirussykte), plus it jier fan ûntdekking. Neffens WHO-direkteur-generaal Tedros Adhanom Ghebreyesus mocht de namme net nei in spesifike geografyske lokaasje, bist as groep minsken ferwize (sa as by de Meksikaanske gryp of de bargepest wol it gefal wie). De namme moast ek fatsoenlik út te sprekken wêze.[3]

Op deselde dei stelde de wurkgroep fan it Ynternasjonaal Komitee foar de Taksonomy fan Firussen (ICTV) de namme "severe acute respiratory syndrome coronavirus 2" foar, ôfkoarte "SARS-CoV-2", nei analogy mei it relatearre, earder bekende firus SARS-CoV.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fact check: Are foot sores a new symptom of COVID-19? It's too soon to say
  2. NRC 8 maaie 2020: Mogelijk nieuw coronasymptoom: pijnlijke wintertenen
  3. WHO noemt ziekte die coronavirus veroorzaakt COVID-19, NU.nl, 11 febrewaris 2020 (bywurke op 13 febrewaris); sjoch ek de taspraak fan de WHO-direkteur sels (WHO 11-2-2020)

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.