Beskoeiïng

(Trochferwiisd fan Beskoaiïng)

In beskoeiïng of beskoaiïng is in keunstmjittige konstruksje dy't in igge beskermet tsjin ôfbrokkeljen, weachkrêften en oare ynfloeden dy't de stabiliteit fan 'e wetterkant yn gefaar bringe. Ek yn 'e bousektor wurdt in protte gebrûk makke fan beskoeiïngs, dy't by de wanden fan bouputten lâns pleatst wurde mei as foarnaamste doel om it ynfloeien fan grûnwetter en/of oerflaktewetter tsjin te gean, sadat de boufakkers drûch wurkje kinne.

In houtene beskoeiïng yn 'e Bolscherbeek yn Oerisel.
In stielene beskoeiïng.

Beskoeiïngs kinne makke wurde fan hout, beton, stiel of recycle keunststof. Fan âlds binne se lykwols yn 'e regel fan hout. De foarkar giet dêrby út nei hurdhout, om't dat minder fluch fuortrottet. It neidiel fan it gebrûk fan hout is dat de hichte fan in beskoeiïng dêrtroch wat beheind is, om't peallen almeast mar leverber binne oant in lingte fan 6 m. Dêrnjonken komt der fanút it eachpunt fan 'e miljeubeskerming almar mear ferset tsjin it gebrûk fan tropysk hurdhout.

Sadwaande wurde tsjintwurdich ek recycle of mei glêsfezels fersterke keunststof (GFK) tapast yn 'e foarm fan platen dy't oan houtene of stielene peallen befêstige wurde kinne. Betonnene en stielene beskoeiïngs wurde yn 'e foarm fan daamwanden oanlein en kinne ek yn gruttere lingten levere wurde, sadat djippere kanalen mei beskoeiïng útfierde wurde kinne. Faak is der yn sa'n gefal dan ek sprake fan in grûnkearende konstruksje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: dizze side.