Beslingastate
Beslinga State wie in state by Friens.
Beslingastate | ||
Beslinga State yn 1723 | ||
Lokaasje | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
plak | Friens | |
koördinaten | 53° 05'N 5° 47'E | |
Skiednis | ||
boujier | 1620 | |
ferneatiging | 1849 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeWis is dat der al foar 1543 op it plak in stins of in foarse pleats stien hat. Healwei de 16e iuw waard de Ljouwerter keapman Andries Arends eigner fan de stins of pleats, dy't de namme Beslinga State hie. Troch't syn dochter Jets yn of om-en-de-by yn 1574 troude mei Douwe fan Sytzama kaam it yn hannen fan de Fan Sytzama's. Om't Jets gjin titel hie en hja troude mei immen fan adel liet hja har Fan Beslinga neame en in wapen meitsje.
De pleats of wat der fan de oarspronklike stins oer wie waard yn 1620 ôfbrutsen en ferfongen troch in nije state, dy't altiten yn hannen fan de famylje bliuwe soe. De lêste eigner Maurits Pico Diederik liet de state yn 1828 útwreidzje troch it hûs yn djipte te ferdûbeljen, sadat it earder rjochthoekige grûnflak in fjouwerhoekich oerflak krige. By dy ferbouwing rekke de state syn trepgevels kwyt en waard it sealtek fan de âlde bou ferfongen troch in skylddak mei twa harkenielen. Ek de nijbou, dy't like heech waard as it ferboude diel, krige in skylddak. Nei't syn soan Eyzo de Wendt him opfolge as grytman en jong ferstoar en Maurits Pico Diederik yn 1848 ek ferstoar, kaam de state leech te stean. Al rillegau dêrnei folge de ôfbraak.
Fan de state sels is neat mear werom te finen. De terp dêr't de state op stien hat is ôfgroeven. It koetshûs fan de state is no It Lokaeltsje, it doarpshûs fan Friens. Op it hiem fan de pleatsen om Friens hinne binne noch stinzeplanten te finen (û.o. Nagelkrûd en Wylde Roazen). Beslinga State lei súdwest fan de tsjerke fan Friens, dêr't no noch in rike samling roubuorden fan de famylje te sjen is.
De Fan Sytzema's hawwe noch altiten in bân mei Friens; se wurde hjir begroeven yn it famyljegrêf en op 14 maaie 2001 troude Henriëtte van Sytzama yn it tsjerkje.
Eigeners / bewenners fan Beslinga State
bewurkje seksjeJier | Bewenner |
---|---|
foar 1543 - sa. 1550 | Alyt Pyters |
sa. 1550 - 1573 | Andries Pytersz |
1573-1586 | Douwe fan Sytzama & Jets fan Beslinga |
1586-1637 | Andries fan Sytzama |
1624-1647 | Kristoffel fan Sytzama |
1626-1665 | Pier fan Sytzama |
1629-1672 | Douwe fan Sytzama |
1711-1728 | Pier Galenus fan Sytzama |
1729-1734 | Clara Feyoena fan Raesfelt-van Sytzama |
1828-1848 | Maurits Pico Diederik Baron fan Sytzama |
1841-1843 | Eyzo de Wendt baron fan Sytzama |
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|