Betinkstien foar Sneuvele Kanadezen (Snits)
De Betinkstien foar Sneuvele Kanadezen is in monumint as oantinken oan de Kanadeeske slachtoffers dy't yn de Twadde Wrâldoarloch foelen by de befrijing fan de stêd Snits.
Monumint
bewurkje seksjeDe betinkstien toant it reliëf fan in eskdoarnblêd, in saneamde Maple Leaf. Dit blêd is it nasjonale symboal fan Kanada. De stien is ynmitsele yn de eastlike bûtenmuorre fan de Grutte- of Martinytsjerke en waard ûntbleate op 17 septimber 1947. Op it monumint stiet de tekst:
Q.O.R. of C.
H.H. PENNELL G.W. OUDERKIRK
W.L. JACKSON S.W. WHITE
IF I SAVE MY LIFE, I LOSE IT.
15-4-1945
De ôfkoarting yn de tekst, Q.O.R.C., stiet foar it rezjimint fan de fallen militêren: Queens Own Rifles Of Canada. De spreuk "If I save my life, I lose it" komt út in gedicht fan de Ingelske dichter Alfred Tennyson.
It monumint stiet net direkt oan de dyk, mar is ôfskieden mei in stek. Oan beide siden steane flaggehâlders.
Betinking
bewurkje seksjeAlle jierren is by it monumint in betinking en krânslizzing.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|