Bibian Mentel (folút: Bibian Mentel-Spee; Utert, 27 septimber 1972 - Loasdrecht, 29 maart 2021) wie in Nederlânske trijefâldich gouden medaljewinner op de Paralympyske Winterspullen en fiiffâldich wrâldkampioen parasnowboarden. Mentel wûn de Paralympyske gouden medalje yn de dissipline snowboardcross op de Paralympyske Winterspullen fan 2014 en 2018, lykas yn de banked slalom yn 2018, nettsjinsteande dat sy sûnt it begjin fan de iuw njoggen kear tsjin kanker fochten hat. Hja wûn har medaljes fan 2018 doe't se 45 jier âld wie. Mentel skreau mei oan twa boeken oer har libben, karriêre en wrakseling mei kanker, en rjochte har eigen stifting op, de Mentelity Foundation, in stifting dy 't bern en jongfolwoeksenen mei in lichaamlike beheining oan it sporten krije wol, benammen op it mêd fan snowboarden. Bibian Mentel ferstoar op 29 maart 2021 yn 'e âldens fan 48 jier oan de gefolgen fan kanker.

Bibian Mentel
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bibian Mentel-Spee
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 27 septimber 1972
berteplak Utert
stjerdatum 29 maart 2021
stjerplak Loasdrecht
sportive ynformaasje
sport Snowboarden
ûnderdiel Snowboard cross,
Banked slalom
P.S. Sotsji 2014
PyeongChang 2018
debút 1996
karriêre-ein 2018
wichtige prestaasjes
3x goud Paralympyske Spullen 2014 & 2018