Biesbrêge
In biesbrêge as biisbrêge is in ienfâldige brêge, flechte fan gers of hea ('biezen'). Yn it ferline waard in biesbrêge wol brûkt by in belegering fan stêd as kastiel; in provisoaryske manier om in grêft te oerbrêgjen.
De biesbrêge waard mear as ien kear ynset troch Freark Hindrik fan Oranje-Nassau, ûnder oare by it Belis fan De Bosk yn 1629 [1] en it Belis fan Hulst yn 1645. [2] Ek by it Belis fan Coevorden yn 1672 troch de biskop fan Münster, Bernhard von Galen waard de biesbrêge brûkt. [3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|