Bill Bryson (Des Moines (Iowa), 8 desimber 1951) is in Amerikaansk skriuwer fan reisboeken en boeken over Ingelske taal en wittenskiplike ûnderwerpen.

Bill Bryson yn 2018
Bill Bryson yn 2005

Bryson waard berne yn Des Moines yn Iowa. Hy studearre oan de Drake University mar hâlde der foar tiids mei op doe't er mei fekânsje yn Ingelân wie yn 1973. Doe hat er in skoft wurke yn in psychiatrysk sikehûs yn Ingelân dêr't er syn takomstige frou moete, in ferpleechkundige. Nei harren houlik ferfarden sy nei de Feriene Steaten om't Bryson syn oplieding dêr ôfmeitsje woe. Yn 1977 setten hja har ta wenjen yn Ingelân, yn Noard-Yorkshire, dêr't se oant 1995 bleaune. Fan 1995 oant 2003 wenne Bryson mei syn 4 bern yn Hanover, New Hampshire. Doe kamen hy en syn hûshâlding werom nei Ingelân.

Njonken auteur is Bryson sûnt july 2007 ek foarsitter fan de organisaasje Campaign to Protect Rural England, dy't in duorsume takomst fan it Ingelske plattelân neistribbet.

Reisferhalen

bewurkje seksje
  • The Palace Under the Alps and Over 200 Other Unusual, Unspoiled, and Infrequently Visited Spots in 16 European Countries (1985)
  • It ferlerne kontinint' (1989)
  • Neither Here Nor There: Travels in Europe (1991)
  • 'In lyts eilân' (1995) - Oer Ingelân en de ingelsken.
  • A Walk in the Woods: Rediscovering America on the Appalachian Trail (1998) (yn 2015 ferfilme as A Walk in the Woods)
  • Notes from a Big Country (1998)
  • Tegenvoeters (2000)
  • Bill Bryson's African Diary (2002)
  • Walk About (2002)
  • The Road to Little Dribbling: More Notes from a Small Island (2016)
 
Bryson yn de regalia fan Chancellor of Durham University, mei de Katedraal op de eftergrûn, 2005
  • 'In lytse skiednis fan hast alles' (2003)
  • A Really Short History of Nearly Everything (2008) (berneferzje)
  • On the Shoulders of Giants (2009)
  • The Body: A Guide for Occupants (2019)
  • The Life and Times of the Thunderbolt Kid (2006)
  • Shakespeare: The World as Stage (2007)
  • Icons of England (2008)
  • At Home: A Short History of Private Life (2010) Doubleday. ISBN 9780385608275
  • One Summer: America 1927 (2013)

Yn 2015 waard it boek A Walk in the Woods: Rediscovering America on the Appalachian Trail ferfilme ûnder de titel A Walk in the Woods mei Robert Redford yn de haadrol.

Keppelings om utens

bewurkje seksje