Yorkshire is in histoaryske greefskip fan Ingelân. It kaam fuort út it Deenske Keninkryk Jórvik, dat bestie yn 'e twadde helte fan 'e 9e en de earste helte fan 'e 10e iuw. Nei de ferovering fan it gebiet troch de Ingelsen, yn 954, waard it in greefskip fan it Keninkryk Ingelân. Dy status behold Yorkshire oant it yn 1974 opdield waard yn fjouwer ûnderskate nije greefskippen. Der wenje sa'n 5 miljoen minsken yn it greefskip dat nei oerflak fierwei it grutste fan Ingelân wie. It grutste part fan it oarspronklike Yorkshire falt ûnder it hjoeddeistige greefskip Noard-Yorkshire en leit binnen de grinzen fan 'e Ingelsk regio Yorkshire en de Humber.

Yorkshire
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Regio Yorkshire en de Humber.
Status Tradisjoneel greefskip
Sifers
Ynwennertal 3.978.484 (1991)
Oerflak *14.850 km²(1831) *15.718 km²(1901) *11.903 km²(sûnt 1991)
Befolkingsticht. 334,24 / km²
Flagge fan Yorkshire

Bestjoerlike ienheden

bewurkje seksje
 
De ridings:
1 = Noard, 2 = West, 3 = East; dêr't de grinslinen byelkoar komme leit de stêd Jork.

Yorkshire is ien fan de tradisjonele greefskippen fan Ingelân. It wie it grutste fan dy grêfskippen en wie, mei dêrom, opdield in fjouwer parten fan leger bewâld: De stêd Jork sels en de trimdels, de ridings.

Yn 1974 waard it lokale oerheidssysteem wizige en waard Yorkshire opdield:

  • Noard-Yorkshire, it Noard-Trimdel en lytse stikjes fan de oare trimdels, mei Yorkshire's haadstêd York, alhoewol't Northallerton de haadstêd fan Noard Yorkshire is; yn 1996 is Jork selsstannich wurde.
  • Súd-Yorkshire, fral foarme fan it suden fan it West-Trimdel; 1986 is de greefskiprie ôfskaft, dat praktysk sjûn binne de distrikten no selsstannige autoriteiten.
  • West-Yorkshire, wat der oer wie fan it West-Trimdel nei't der ferskate parten fanôfhelle wienen; 1986 is de greefskiprie ôfskaft, dat praktysk sjûn binne de distrikten no selsstannige autoriteiten.
  • Humberside, ôfskieden fan fral it East-Trimdel, en gearfoege mei parten fan Lincolnshire oan de Humber; is yn 1996 ferparte yn unitary authorities, dêr't it part fan de Yorkshire by opdield waar yn Kingston upon Hull en in nij East-Trimdel.
  • Cleveland, ôfskieden fan it Noard-Trimdel; is yn 1996 ferparte yn unitary authorities
  • Lancashire krige in part fan it West-Trimdel derby.
  • Durham, Grut Manchester en Kumbria krigen elts ien distrikt fan Yorkshire derby.

Yn 1996 waard Humberside opheft en gearfoege mei in pear lytsere gebieten om it nije greefskip de East Riding of Yorkshire te foarmjen.

De Yorkshire Ridings Society lêst alle jierren op Yorkshire-dei de ferklearing foar dat Yorkshire ûnferoarlik de kombenaasje is fan de trije trimdels en de stêd.

Stêden en plakken yn Yorkshire

bewurkje seksje
 
York Minster
 
De kliffen fan Flamborough Head

Nasjonale parken

bewurkje seksje

Ferneamde persoanen út Yorkshire

bewurkje seksje