Biltske pleats
(Trochferwiisd fan Biltse pleats)
De Biltske pleats is in karakteristyk type kop-hals-romppleats mei it bedriuwsdiel heaks op it wendiel. De reden dêrfoar is net bekend.
De yndieling is ek oars. Sa steane de kij en hynders mei harren koppen nei binnen rjochte; de mielgong leit tsjin de bûtenmuorre. Sa'n yndieling wurdt ek fûn yn Seelân en Súd-Hollân. Tocht wurdt dat de biltbedikers/boeren dy't út dy kontreien kamen, destiids harren pleats-yndieling meinomd hawwe. Opmerklik is ek dat der foar 1500 gjin skuorren stienen yn Fryslân. Dat it kin goed wêze dat se op It Bilt ûntstien binne en dêr wei oer Fryslân ferspraat binne.