Black Jack (hynder)

Black Jack (Fort Reno (Oklahoma), 19 jannewaris 1947Fort Myer (Firginia), 6 febrewaris 1976) wie in hynder yn it besit fan it Amerikaanske Leger, dat yn 'e Feriene Steaten lanlike bekendheid krige troch syn dielname oan 'e lykprekaasjes fan ferskate Amerikaanske presidinten.

Black Jack
Black Jack yn 'e lykprekaasje fan John F. Kennedy.
Black Jack yn 'e lykprekaasje fan John F. Kennedy.
bysûnderheden
soarte bist hynder (Morgan-quarter horse)
berne 19 jannewaris 1947
berteplak Fort Reno (Oklahoma)
Feriene Steaten
deagien 6 febrewaris 1976
stjerplak Fort Myer (Firginia)
Feriene Steaten
aktyf as striidhynder (seremonieel)
reden
  bekendheid
naam diel oan 'e lykprekaasjes
   fan ferskate presidinten

Black Jack kaam op 19 jannewaris 1947 te wrâld yn 'e kavalerystâlen fan Fort Reno, yn 'e Amerikaanske steat Oklahoma. Hy wie in swarte krusing tusken in Morgan en in quarter horse. Hy waard ferneamd nei generaal John J. "Black Jack" Pershing, dy't de Amerikaanske troepen oan it Westfront oanfierde ûnder de Earste Wrâldoarloch. Black Jack wie de lêste fan 'e Amerikaanske kavaleryhynders dy't brânmurken waard mei it brânmerk fan it Amerikaanske Leger op it lofterskouder en syn legersearjenûmer (2V56) op 'e lofterside fan syn hals.

Op 22 novimber 1952 waard Black Jack oerbrocht nei Fort Myer, yn Firginia, dat de rest fan syn libben syn thús wêze soe. Hy tsjinne dêr yn it affuitpeloton fan it Amerikaanske 3e Ynfanteryrezjimint, byneamd de Alde Garde (the Old Guard). As ruterleas hynder naam Black Jack diel oan mear as tûzen seremoniële begraffenissen, wêrfan de measten op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, ûnder de reek fan 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C.

By ferskate gelegenheden waard er as ruterleas hynder foarsjoen fan lege learzens, dy't mei de teannen nei efteren wizend yn 'e stiichbûgels pleatst waarden (it symboal foar in fallen lieder). Sa naam er diel oan fjouwer steatsbegraffenissen, nammentlik dy fan generaal Douglas MacArthur, yn 1964, en dy fan 'e presidinten John F. Kennedy yn 1963, Herbert Hoover yn 1964 en Lyndon B. Johnson yn 1973.

Op 6 febrewaris 1976 gie Black Jack dea nei in glânsrike militêre karriêre. Hy waard kremearre en syn jiske krige in lêste rêstplak yn Summerall Field, by Fort Myer, op 60 m noardeastlik fan 'e flaggemêst yn 'e súdeastlike hoeke fan it paradefjild. Black Jack wie ien fan mar twa hynders út 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten dy't in militêre útfeart mei folsleine militêre eare krigen (it oare hynder wie Comanche, de iennichste oerlibbene fan Custers detasjemint yn 'e Slach oan de Little Bighorn).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.