Black Sun Empire is in Nederlânske drum and bass groep dy't foarme waard yn Utert yn 1997 troch produsearders Rene Verdult en bruorren Micha en Milan Heyboer. De groep hat in soad goeie resinsjes krigen en is sels beskreaun as "de kening fan neuro". Sûnt de oprjochting hat de groep fiif albums útbrocht en hat er trije ûnôfhinklike muzyklabels hân: Black Sun Empire Recordings, Obsessions en Blackout Music NL.

Black Sun Empire op Paaspop 2013

Rene, Milan, en Micha kinne inoar al sûnt dat se bern wiene en it trio kaam yn oanrekking mei jungle muzyk as tsieners yn de mid-jierren 90. It trio gien tegearre muzyk meitsje yn 1993 en begûn muzyk te produsearjen ûnder de namme Black Sun Empire (referearjend oan Star Wars) yn 1997. Yn 1999 brocht it trio har debút12" single "Voltage/Skin Deep" út mei Piruh Records. Mear singles en splits waarden de neifolgjende fjouwer jierren útbrocht, dêrfan guon ûnder it eigen Black Sun Empire Recordings dat yn 2002 oprjochte waard.

Yn 2004 brocht de groep syn earste studio-album Driving Insane út mei derop it nûmer "Arrakis", dat letter yn de trailer fan EVE Online ferskine soe. Harren folgjende album, Cruel and Unusual kaam út yn 2005. Yn datselde jier makke de groep it sub-label Obsessions oan. Yn 2007 kaam it tredde album Endangered Species op de merk. It fjirde album Lights and Wires waard publisearre yn 2010 en hie dubstep-eleminten. Harren fiifde album From the Shadows waard útbrocht yn 2012 mei sawol kritysk as kommersjeel sukses en sels in plak op Beatports top 5 bêst ferkochte Albums fan 2012. Om it album te stypjen gie de groep op wrâldtoer yn Jeropa, de Feriene Steaten, Nij-Seelân, Kanada en Austraalje.

Yn 2013 rjochte de groep in tredde label op, Blackout Music NL. De groep begûn ek mei it jaan fan Blackout festival events, it twadde dêrfan fun plak yn Londen. Tsjin 2015 gyngen de the Blackout festivals nei de Feriene Steaten; it earste wie it Los Angeles festival hâlden yn juny 2015. Yn 2015 sei Milan Heyboer dat de groep dwaande wie mei nij materiaal.

Yn novimber 2016 brocht de groep it nije nûmer "Caterpillar" út mei gearwurking fan Virus Syndicate. It nûmer stiet op it lêste album fan de groep "The Wrong Room", útbrocht op 31 maart 2017.

De groep wurd meastal beskôge as neurofunk, mar binne ek wol techstep, drum and bass, dubstep neamd. Rene Verdult hat sein dat hy programma's as Cubase 6.5, Vember Audio Surge en u-He Zebra brûkt hat om nûmers te meitsjen foar de groep. De leden fan de groep eksperimintearje en meitsje oer it algemien harren eigen numers en wurkje allinich gear wannear't se inoar advys jouwe. Milan Heyboer omskriuwt dizze wize fan wurkjen as ymprovisaasje. De groep jout as ynspiraasjes de artysten Ed Rush & Optical, Konflict, Stakka & Skynet en Bad Company oan. Alle cd-edysjes fan harren albums ha as bonus in twadde skiif mei in oerelange miks fan alle nûmers.

Studioalbums

bewurkje seksje

Extended plays

bewurkje seksje
  • From the Shadows (Remix EP) (2013, Black Sun Empire Recordings)
  • Hideous Remixes with Noisia (2014, Blackout Music NL)
  • Until the World Ends with State of Mind (2015, Blackout Music NL)
  • The Violent Five with State of Mind (2016, Blackout Music NL)

Kompilaasjealbums

bewurkje seksje
  • The Piruh Years (2002, Black Sun Empire Recordings)
  • The Early Years (2002, Black Sun Empire Recordings)
  • BSE Miscellaneous Tunes (2003, Black Sun Empire Recordings)
  • Variations On Black (2013, Blackout Music NL)
  • "Voltage" (1999, Piruh Records)
  • "In Silent" (2001, Piruh Records)
  • "The Rat" (2002, Black Sun Empire Recordings)
  • "Vessel" (2002, A New Dawn Recordings)
  • "Firing Squad (SKC Remix)" (2008, Black Sun Empire Recordings)
  • "Hyper Sun" (2009, Shadows of the Empire)
  • "The Invasion" (2009, Shadows of the Empire)
  • "The Sun" (2002, Black Sun Empire Recordings)
  • Spy Technologies split 12" with Sinthetix (2002, DSCI4)
  • split 12" with Rascal & Klone (2003, Transparent Recordings)
  • split 12" with Eye-D (2003, Citrus Recordings)
  • split 12" with Benjie (2003, Black Sun Empire)
  • split 12" with Ill.Skillz (2004, Ill.Skillz Recordings)
  • split 12" with Skynet (2004, Black Sun Empire)
  • split 12" with Noisia, Mayhem, Pacific and Kemal (2005, Obsessions)
  • Cruel and Unusual split 12" with Dance4Life (2005, Black Sun Empire Recordings)
  • split 12" with Corrupted Souls & Hyx (2006, Obsessions)
  • split 12" with Mindscape & Jade (2006, Obsessions)
  • split 12" with Dom & Vicious Circle (2007, Dom & Roland Productions)
  • split 12" with Cooh (2007, Obsessions)
  • split 12" with JPS & Hooves (2007, Obsessions)
  • split 12" with Concord Dawn (2008, Uprising Records)
  • split 12" with Dkay & Trei (2008, Obsessions)
  • split 12" with State of Mind (2008, Black Sun Empire Recordings)
  • split 12" with Eye-D (2009, Black Sun Empire Recordings)
  • split 12" with N.Phect (2009, Black Sun Empire Recordings)
  • Reboot the System (Part 1) split 12" with Gridlock (2010, Project 51)
  • split 12" with State of Mind (2011, SOM Music)
  • split 12" with Counterstrike, Alvin Rish & Bulletproof (2011, Black Sun Empire Recordings)
  • split 12" with Crushington (2011, Shadows of the Empire)
  • split 12" with Jade & Mindscape (2012, Citrus Recordings)

Utgeande keppelingen

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: