Blanche Wittman
Blanche Wittman (1859 - 1913) wie in ferneamd pasjinte fan Jean-Martin Charcot, de learmaster fan Sigmund Freud, dy't mei har oan syn studinten hystearyske oanfallen demonstrearre.
Biografy
bewurkje seksjeBlanche Wittman har libben wurdt yn de pseudo-dokumintêre roman Boken om Blanche och Marie fan Per Olov Enquist útbylde. It boek ferhellet fan in Blanche Wittmann dy't yn har 'twadde libben' (nei ûntslach út Hôpital de la Salpêtrière) assistinte en freondinne fan Marie Curie waard. Troch it wurkjen mei pikblinde (dat it slim radioaktive radium befettet) waard sy slim siik en moasten úteinlik har beide skonken en ien earm amputearre wurde.
Enquist hat lykwols it oparbeidzjen en de freonskip mei Marie Curie wierskynlik optocht. Ut oantekeningen yn it argyf fan it Marie-Curie-Ynstitút docht net bliken dat Wittman assistinte fan Marie Curie west hat, dy't dus ek net siik west hawwe kin fan it wurkjen mei radioaktive stoffen.