Blasketeilannen
Blasket-eilannen (Ingelsk: Blasket Islands, Iersk-Gaelysk: Na Blascaoidí) is in eilannegroep bewesten de Ierske kust en part fan County Kerry. Tsjintwurdich binne se net bewenne. Yn it ferline wiene de 5 grutste bewenne en de 7 lytsere eilannen net. Yn 1953 ferlieten de lêste bewenners Great Blasket Island.
In protte neisieten fan de eilanners wenje no yn Springfield, Massachusetts en oaren wenje noch op it skiereilân Dingle, yn it sicht fan harren eardere thús.
Ein 19e iuw, begjin 20e iuw wiene de eilanners it ûnderwerp fan antropologysk- en taalkundich ûndersyk, benammen troch skriuwers en taalkundigen sa as Robin Flower, George Derwent Thomson en Kenneth H. Jackson. Op harren oantrún en dy fan oaren ferskynden in tal boeken fan de eilanners dêr't in soad fan harren tradysjes en wize fan libjen yn fêstlein binne. Foarbylden binne An tOileánach (The Islandman) fan Tomás Ó Criomhthain, Peig troch Peig Sayers en Fiche Blian ag Fás (Twenty Years A-Growing) fan Muiris Ó Súilleabháin.
De Blasketeilannen binne wol Next Parish America neamd, fral yn Amearika in populêre term.
De seis grutste Blasketeilannen binne:
- Grut Blasketeilân (An Blascaod Mór)
- Beginish (Beiginis)
- Inishnabro (Inis na Bró)
- Inishvickillane (Inis Mhic Uileáin)
- Inishtooskert (Inis Tuaisceart)
- Tearaght Island (An Tiaracht)
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |