De Blaugerzen

(Trochferwiisd fan Blaugerzen)

De Blaugerzen is in fegetaasje fan blaugerslannen oan de ein fan de Doltenwei yn Eagmaryp. Der is noch sa'n 96 hektare 'blaugerzen' yn Nederlân, mar de blaugerzen by Eagmaryp binne dêrfan it grutste part. Om de karakteristike begroeiïng fan blaugerzen yn stân te hâlden is it behear krekt as eartiids: der wurdt let meand en net bedonge en it wetterpeil is heech. It lân stiet dan faak ûnder wetter en by froast is der al gau lâniis.

Blaugerzen skine út in blauwens troch de kleur fan plantesoarten lykas blauwe sigge, bjint en soldatekwast en barchjeblommen. Maitiids binne de lannen giel fan de djerreblommen. De fegetaasje hat ferlet fan kalkrike, fiedselearme grûn en in soad wetter. Dêrtroch is it lân te wiet om kij op rinne te litten. It wurdt dan ek meast brûkt as healân. Oare planten dy't hjir graach groeie binne sompe-ferjit-my-net, de twarigige sigge, brede kaaiblom, blaukop, jiskeblom en kraneblom.

Yn de maitiid tilt it op fan de ljippen, snippen tsjirken en slobeinen. Winterdeis binne der in soad wetterfûgels en benammen guozzen. De Blaugerzen falle ûnder de Europeeske Fûgelrjochtlinen.