Blauhúster Opfeart
De Blauhúster Opfeart is in wetter yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint fan de Boalserter Feart yn súdwestlike rjochting nei Blauhûs.
In opfeart is de beneaming foar in kanaal dat min ofte mear heaks op in oar kanaal stiet. De namme wurdt benammen yn Fryslân en Grinslân brûkt. In opfeart wurdt ek wol skipsleat, skipfeart of brânsleat neamd. Opfearten binne foaral oanlein om de fruchtbere terpgrûn of turf ferfiere te kinnen.
De namme Blauhúster Opfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Blauwhuistervaart. It waard earder ek wol Blauhúster Sylroede neamd.