Bloch MB.200


Rol Bommesmiter
Makker Société des Avions Marcel Bloch
Earste flecht 26 juny 1936
Yn tsjinst 1934
Ut tsjinst 1942
Tal makke 332 (1933-1939)
Brûkers Frânske Loftmacht, Tsjechyske Loftmacht, Bulgaarske Loftmacht, Luftwaffe
Farianten Sjoch tekst

De Bloch MB.200 wie in Frânske middelswiere bommesmiter boud troch Bloch. De MB.200 waard ûntwurpen as antwurd op de fraach út 1932 fan it Frânsk regear nei in nije dei- en nachtbommesmiter.

De Tsjechoslowaakske ferzje

De MB.200 wie it winnend ûntwerp fan de kompetysje en waard yn 1933 yn produksje naam. Ein 1935 wiene 12 squadrons útrisd mei MB.200’s. Der waarden goed 200 tastellen makke, ferdield oer ferskate Frânske bedriuwen. Yn de jierren 30 keas Tsjechoslowakije ek foar de MB.200 yn it ramt fan de modernisearing fan har loftmacht.

Yn dy tiid gie de ûntwikkeling fan nije fleanmasines hurd en de MB.200 wie rillegau ferâldere. Dochs keas de Tsjechoslowaakske regearing foar de MB.200, omdat de eigen loftfeartyndustry gjin ûnderfining hie mei de bou fan tastellen fan dizze grutte. Nei wat opûnthâld setten Aero Vodochody en Avia har oan de lisinsjeproduksje yn 1937. Der soene 74 boud wurde.

Nei it ynnimmen fan Tsjechoslowakije kamen de tastellen geef yn hannen fan Nazy-Dútslân, in part wie noch net iens klear. Dútslân brûkte in part yn de eigen Luftwaffe en in tal waarden oan Bulgarije ferkocht. Totaal waarden 208 tastellen yn Frankryk boud en 124 yn Tsjechoslowakije.

  • MB.200.01; it prototype
  • MB.200B.4; meast makke ferzje
  • Aero MB-200/Avia MB.200; de Tsjechoslowaakske ferzje

Spesifikaasjes (MB.200B.4)

bewurkje seksje
  • Bemanning: 4
  • Lingte: 16,00 m
  • Spanwiidte: 22,45 m
  • Hichte: 3,90 m
  • Wjukoerflak: 62,50 m2
  • Leechgewicht: 4.300 kg
  • Maks. fleangewicht: 7 480 kg
  • Motoren: 2x Gnome et Rhône 14Kirs, 649 kW (870 hk) it stik
  • Maks. faasje: 285 km/o
  • Berik: 1.000 km
  • Plafond: 8.000 m
  • Klimfaasje: 260 m/min
  • Bewapening: