Blood Lite is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redakteur en auteur Kevin J. Anderson. It boek omfettet 21 koarte ferhalen fan it fantasysjenre, dy't fermaaklikens kombinearje mei it boppenatuerlike, en yn 't bysûnder mei fampieren. De titel betsjut letterlik "Bloed Light" (yn 'e sin fan in produkt mei minder kaloryen as normaal). De ferhalen binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Kelley Armstrong, Charlaine Harris, Sherrilyn Kenyon en Jim Butcher. Alle ferhalen út Blood Lite waarden yn dizze bondel foar it earst útjûn, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. Blood Lite waard yn 2008 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Gallery Books.

Blood Lite
algemiene gegevens
auteur Kevin J. Anderson (red.)
taal Ingelsk
foarm ferhalebondel
sjenre fantasy
1e publikaasje 2008, New York
oarspr. útjwr. Gallery Books
kodearring
ISBN 978-1 41 65 67 837
  1. Kelley Armstrong, The Ungrateful Dead (ûnderdiel fan Women of Otherworld)
  2. Joe R. Lansdale, Mr. Bear
  3. Lucien Soulban, Hell in a Handbasket
  4. Christopher Welch, The Eldritch Pastiche from Beyond the Shadow of Horror
  5. Matt Vene, Elvis Presley and the Bloodsucker Blues
  6. Don d'Ammassa, No Problem
  7. Mark Onspaugh, Old School
  8. J.A. Konrath en F. Paul Wilson, The Sound of Blunder
  9. Charlaine Harris, An Evening with Al Gore
  10. Steven Savile, Dear Prudence
  11. Will Ludwigsen, A Good Psycho Is Hard to Find
  12. Janet Berliner, High Kicks and Misdemeanors
  13. Eric James Stone, P.R. Problems
  14. Sherrilyn Kenyon, Where Angels Fear to Tread (ûnderdiel fan Dark-Hunter)
  15. Mike Resnick, A Very Special Girl
  16. D.L. Snell, Love Seat Solitaire
  17. Nancy Holder, I Know Who You Ate Last Summer
  18. Nancy Kilpatrick, Bitches of the Night
  19. Jeff Strand, The Bell… FROM HELL!!!
  20. Sharyn McCrumb, Dead Hand
  21. Jim Butcher, Day Off (ûnderdiel fan The Dresden Files)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: