Boalserter Wettertoer

De Boalserter wettertoer is ûntwurpen troch arsjitekt IWGL en Bredasche Beton Mij. v/h H. Vriens en waard boud yn 1929. De stiennen wettertoer stiet op it bedriuwenpark De Marne oan de westkant fan de stêd, oan rykswei A7.

Wettertoer fan Boalsert

De wettertoer hat in hichte fan 37,40 meter en hat twa wetterreservoirs fan elk 200 m³.

De wettertoer is oerstallich wurden omdat wetterleidingbedriuw Vitens in nije ynstallaasje bout yn Boalsert. Ein 2007 is de toer bûten gebrûk steld. Yn 2015 is de toer kocht troch Sonnema Berenburg.