Wettertuorren yn Fryslân

Yn Fryslân binne trettjin wettertuorren boud op it fêste lân en fjouwer heechreservoirs op de Waadeilannen yn in perioade fan santich jier.

De earste wettertoer yn Fryslân waard yn Ljouwert yn 1888 boud oan de Skrâns/Suderplein. De neikommende wettertuorren waarden boud yn Snits en It Hearrenfean.
Wettertuorren wiene in part fan it wetterliedingnet. De wetterliedingbedriuwen wiene yn hannen fan partikulieren. Nei útstellen ta in provinsjale wetterliedingfoarsjenning waard yn 1921 it wetterliedingbedriuw fan Ljouwert troch de gemeente oernaam. In jier letter gie die al wêr op yn de troch in oantal gemeenten oprjochte Intercommunale Waterleiding Gebied Leeuwarden (IWGL). Dit waard letter de Waterleiding Friesland.
Yn de jierren dêrnei waarden der in tal wettertuorren oan it wetterliedingnet taheakke. Yn 1955 giene de wetterliedingbedriuwen fan Ljouwert en It Hearrenfean byinoar.
Ein jierren ’50 waarden de lêste wettertuorren boud. Der waard nammentlik in ekonomyske kar makke oft der in wettertoer, as in wetterkelder mei pompsysteem komme moast. De bou fan in wettertoer yn Kollum gie net troch. De tiid fan de bou fan wettertuorren yn Fryslân wie dêrmei foarby.
Trochdat de tuorren harren funksje fan wettertoer ferlearen folge de delgong. Guon binne sloopt, lykas de toer yn Ljouwert op de Skrâns (1972), It Hearrenfean (1982) en Hârns (1990). Oaren binne restaurearre en falle ûnder monumintesoarch. Ek in pear hawwe in nije bestimming krige en binne omboud ta wenning as kantoar.

De wetterfoarsjenning op de Fryske Waadeilannen Skiermûntseach (1950), Flylân (1952), Skylge (1958) en It Amelân (1961) ferge in oare oanpak. Op Skier, mei twa fjoertuorren, waard de oerstallige fjoertoer omboud ta wettertoer. Op de oare eilannen waarden de wetterreservoirs op hege dunen boud.

Arsjitektuer

bewurkje seksje

De earste wettertuorren yn Fryslân wiene ek de earste wettertuorren yn Nederlân mei in Intze-reservoir. Inkele wettertuorren binne ek troch Fryske arsjitekten as yngenieurs ûntwurpen: Hidde Petrus Nicolaas Halbertsma (1853-1929), Gerrit Halbertsma (1855-1928), Roelof Kuipers (1855-?) en C.J. Wierda. De tuorren fan Frjentsjer, Ljouwert (1925), Boalsert, Harns en Lippenhuzen binne ûntwurpen troch de kombinaasje fan de IWGL en de Bredasche Betonmaatschappij.

De tuorren fan It Hearrenfean wie suver gelyk oan de wettertoer fan Barendrecht fan 1912 (beide ûntwurpen troch Roelof Kuipers). De wettertuorren fan Akkrum en Sint Jabik fan 1957 binne identyk (beide ûntwurpen troch A.P. Wesselman fan Helmond). Ek de tuorren fan Dokkum en Drachten, beide ûntwurpen troch J.J.M. Vegter (1906-1982), hawwe in protte fan mekoar.

De hichte fan de wettertuorren is trochinoar fjirtich meter. De ynhâld fan de wetterreservoirs ferskilt lykwols ferskriklik: It Hearrenfean hie mar 150 m3 en Drachten hie yn totaal 1500 m3. De tuorren fan Hârns, Lippenhuzen en Drachten hiene allegear twa wetterreservoirs.

Tabel wettertuorren (op âldens)

bewurkje seksje
Jier Plak Hichte Ynhâld Untwerp Ofbyld
1888-1972 Ljouwert 37 meter 500 m3 H.P.N. Halbertsma en J. Verheul  
1908 Snits 44 meter 350 m3 G. Halbertsma  
1915 It Hearrenfean 42 meter 150 m3 Roelof Kuipers
1925 Frjentsjer 48.8 meter 445 m3 de IWGL en de Bredasche Beton Mij.  
1925 Ljouwert 36 meter 1000 m3 de IWGL en de Bredasche Beton Mij.  
1928 De Jouwer 30.3 meter 150 m3 C.J. Wierda  
1929 Boalsert 38 meter 415 m3 de IWGL en de Bredasche Beton Mij.  
1931 Harns 45.9 meter 2 x 300 m3 de IWGL en de Bredasche Beton Mij.
1932 Lippenhuzen 44.25 meter 2 x 300 m3 de IWGL en de Bredasche Beton Mij.  
1950 Skiermûntseach 31.7 meter 44 m3 H.G. Jansen  
1957 Nes by Akkrum 41 meter 515 m3 A.P. Wesselman van Helmond  
1957 Sint Jabik 41 meter 515 m3 A.P. Wesselman van Helmond  
1958 Hoarn Skylge 10 meter 200 m3
1958 Dokkum 37 meter 1000 m3 J.J.M. Vegter  
1959 Drachten 42 meter 500 m3 en 1000 m3 J.J.M. Vegter