Wettertoer (Suderplein)
De wettertoer oan it Suderplein en de Skrâns wie foarhinne de âldste wettertoer yn 'e Frysk haadstêd Ljouwert. De toer waard yn 1888 boud op inisjatyf fan 'e in jier earder oprjochte Ljouwerter Wetterliedingmaatskippij. Reden foar de bou wiene de soargen oangeande de drinkwetterfoarsjenning y.f.m. de ferskate goalera-epidemyen dy't Fryslân yn 'e rin fan 'e njoggentjinde iuw troffen.
Wettertoer (Suderplein) | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert (gemeente) | |
plak | Ljouwert (stêd) | |
adres | Suderplein/Skrâns | |
koördinaten | 53°11′50″ N 5°47′49″ E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | toer | |
subtype | wettertoer | |
boujier | 1888 | |
sloopjier | 1972 | |
arsjitekt | H.P.N. Halbertsma en Jan Verheul | |
oare ynformaasje | ||
hichte | 37 m | |
kapasiteit | 500 m³ | |
kosten | ƒ50.000 | |
kaart | ||
De wettertoer waard ûntwurpen troch arsjitekten Hidde Petrus Nicolaas Halbertsma en Jan Verheul. It bouwurk hie in hichte fan 37 m en koe 500 m³ wetter hâlde. De bou koste ƒ50.000, wat doedestiden in wier fermogen wie. It drinkwetter dat fia de wettertoer oan 'e Ljouwerter befolking taparte waard, kaam út 'e Pikmar en waard troch in pompstasjon yn Grou nei Ljouwert ta pompt. Op 22 desimber 1888 streamde it earste wetter yn 'e toer. Belangstellenden koene doe it pompstasjon besjen en it wetter priuwe. It bliek fan ferlykbere kwaliteit te wêzen mei reinwetter: it wie kristalhelder en liet yn 'e mûle gjin neismaak efter.
Nei goed tachtich jier trouwe tsjinst wie der begjin 1970-er jierren gjin ferlet mear fan 'e wettertoer om troch de swiertekrêft fan in wetteropslach op hichte de druk op 'e Ljouwerter wetterlieding te hâlden. Yn 1972, doe't er al in pear jier leech stie, waard de wettertoer dêrom yn opdracht fan 'e Gemeente Ljouwert sloopt. Dat koste ƒ60.000, mear as de boupriis, as de tuskentiidske ynflaasje bûten beskôging litten wurdt. Op in inkeld ynstjoerd brief yn 'e Ljouwerter Krante nei wie der frijwol gjin wjerstân tsjin 'e ôfbraak. Doe't in plan om yn 'e wettertoer in restaurant te fêstigjen, op 'e non rûn, wie de saak sadwaande beklonken.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|