Nessemer Wettertoer

(Trochferwiisd fan Nessumer Wettertoer)

De wettertoer yn Nes by Akkrum is ûntwurpen troch arsjitekt A. P. Wesselman van Helmond en boud yn 1957.

Nessemer Wettertoer
bouwurk
De Nessemer Wettertoer
De Nessemer Wettertoer
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente It Hearrenfean
plak Nes
adres Kleasterwei 19
koördinaten 53° 3' 17" N 5° 51' 12"E
bysûnderheden
type bouwurk wettertoer
boujier 1957
arsjitekt A.P. Wesselman van Helmond
oare ynformaasje
hichte 41 m
kapasiteit 515 m³ wetter
offisjele webside
watertorenhotelnes.nl
kaart
Nessemer Wettertoer (Akkrum)
Nessemer Wettertoer

De wettertoer hat in hichte fan 41 meter en hat ien wettertank fan 515 m3. De toer is sûnt 2016 yn gebrûk as hotel. De toer is krekt-en-gelyk oan de wettertoer yn Sint Jabik.

Ea stie op it terrein fan de wettertoer in kleaster.

Mei Simmer 2000 wie de toer feroare yn in mânske skimerlampe.

Begjin 2007 waard de toer te keap set foar 35.000 euro en waard er nominearre as ryksmonumint. Dat jier is ek in aksjegroep oprjochte om de wettertoer te behâlden. Op 19 juny die bliken dat de wettertoer fan Nes ferkocht is oan Merwerd Syperda, de broer fan de skûtsjeskipper Allard Syperda. De wettertoer waard ferkocht as betingst dat er allinnich brûkt wurde soe op toeristysk/rekreätyf mêd, mar mocht lykwols gjin wurking ha dy't ekstra ferkear oanlûke soe. Yn 2012 makke Sijperda bekend dêr faaks in hotel yn bouwe litte te wollen, itjinge dêr't in soad ynwenners fan Nes op tsjin wiene. De wettertoer soe te ticht by it doarp stean en dêrtroch it priveelibben fan de ynwenners fersteure. Dêrop waard besletten de ruten dy't op it doarp útsjen te blyndearjen. Yn 2015 waard mei de ferbouwing úteinset en meitsje fan de wetteropslachromte twa hotelkeamers. Yn 'e maitiid fan 2016 wie de bou dien en op 6 maaie dat jiers waard de hotel yn de wettertoer troch Foppe de Haan iepene.

Keppelings om utens

bewurkje seksje