Boaris- en Glebtsjerke op it Arbatskajaplein
De Boaris- en Glebtsjerke (Russysk: Церковь Бориса и Глеба на Арбатской площади) is in (diels) rekonstruearre tsjerke-kapel op it Arbatskajaplein yn it histoarykse distrikt Bely Gorod fan 'e Russyske haadstêd Moskou. De tsjerke waard yn 1997 boud foar it Ministearje fan Definsje oer, op it plak dêr't santich jier earder de oarspronklike Boaris- en Glebtsjerke ferneatige waard.
Boaris- en Glebtsjerke
Борисоглебская церковь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Moskou | |
adres | Arbatskajaplein 4 | |
koördinaten | 55° 45' N 37° 36' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | Oarspronklike bou 1768 Weropbou: 1997 | |
sloopjier | 1930 | |
boustyl | barok | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe Boaris- en Glebtsjerke waard op kosten fan greve Aleksej Bestûzjev-Rjûmin sûnt 1763 yn fiif jier tiid boud en konsekrearre yn 1768. It ûntwerp wie ôfkomstich fan 'e arsjitekt Karl Ivanovitsj Blank, in arsjitekt dy't as ien fan 'e lêsten de barokke styl yn syn wurk tapaste en de earste Moskouse arsjitekt dy't neoklassisistyske gebouwen bouwe liet. De tsjerke gyng troch as ien fan 'e moaiere foarbylden fan barok yn Moskou.
It jier 1929 waard bekend dat de autoriteiten fan doel wiene om de Boaris- en Glebtsjerke ôf te brekken. De offisjele motivaasje wie dat de tsjerke wike moast om 'e ferkearssitewaasje te ferbetterjen, mar alternative útstellen waarden ôfwiisd en it die al gau bliken dat it de oerheid om 'e tsjerke te dwaan wie. Der waard ferset oantekene út de hoeke fan 'e sintrale organisaasje, dy't him dwaande hold mei restauraasje en op in gearkomste waard it plan om 'e fierder goed ûnderholden tsjerke ôf te brekken ûnreedlik neamd. Ek de parochianen ûndernamen aksje en stjoerden in brief nei it Presidium fan it Utfierend Komitee. It makke de autoriteiten lilk en op Krystjûn 1929 naam it Sintraal Utfierend Komitee it beslút om net allinnich de Boaris- en Glebtsjerke te slopen, mar ek de Marije fan Egyptetsjerke fan it Stretenski-kleaster (1482) en de Tsjerke fan Us Leaffrou fan 'e Baarnende Strûk (tusken 1679 en 1680) ôf te brekken.[1]
Nijbou
bewurkje seksjeDe sloop fan 'e Boaris- en Glebtsjerke en de twa oare tsjerken folge yn 1930 en yn 1997 waard der by it oarspronklike plak fan 'e tsjerke in lyts monumint ta oantinken fan 'e tsjerke delset. Yn 1997 naam de Moskouse oerheid it beslút om yn it ramt fan it 850-jierrich bestean fan de stêd in nije Boaris- en Glebkapel op it plein te bouwen. De nijbou kaam in stikje fierderop te stean fan it oarspronklike plak op 'e lokaasje, dêr't ea de yn 1933 ôfbrutsen Tichontsjerke (1689-1756) stien hat. De hjoeddeiske tsjerke folget de barokke foarmen fan 'e âlde struktuer fan de Boaris- en Glebtsjerke. It ynterieur koe net rekonstruearre wurde, om't krekte ynformaasje dêroer net bestiet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Храм Бориса и Глеба, что у Арбатских ворот
|