It Boek fan Mormon is foar de leden fan de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen in hillich boek. De Mormoanske profeet Joseph Smith publisearre it boek yn 1830 foar it earst ûnder de titel The Book of Mormon: An Account Written by the Hand of Mormon upon Plates Taken from the Plates of Nephi. De ynhâld fan it boek is neffens de Mormoanen ôfkomstich fan in saneamd herfoarme Egyptyske tekst op gouden platen, skreaun troch in rige profeten dy't tusken likernôch 2200 foar Kristus oant ± 400 nei Kristus op it Amerikaanske kontinint libbe hawwe soene. Joseph Smith sei dat er de platen op oanwizing fan de ingel Moroni yn 1827 fûn hie op in heuvel tichteby syn âldershûs yn Manchester yn de steat New York. Tagelyk mei de gouden platen fûn Smith ek oare saken lykas de Oerim en Tûmmim, wêrmei't er de tekst lêze koe sûnder op de platen te sjen.

It Boek fan Mormon

Foar Mormoanen is it Boek fan Mormon njonken de Bibel in hillige skrift, mar op it twadde plak ek in histoarysk ferslach fan God's hanneljen mei de oarspronklike bewenners fan it Amerikaanske kontinint. Yn it boek wurdt de skiednis beskreaun fan twa grutte kultueren dy't eartiids yn Amearika bewennen. De iene beskaving kaam yn 6000 foar Kristus út Jeruzalim nei Amearika en de oare kaam folle earder út it dy omkriten nei Amearika. Neffens Smith begroef de lêste profeet fan it folk dat ôfkomstich wie út Israel, in man mei de namme Moroni, foar syn dea de gouden platen yn de heuvel Cumorah dêr't hjoed-de-dei Manchester leit. Moroni kaam yn 1827 werom as ingel en iepenbiere Joseph Smith de lokaasje fan de platen. Moroni joech him opdracht om de platen yn it Ingelsk oer te setten om dêrmei de wiere tsjerke fan Kristus te restaurearjen. It boek wurdt ferdield yn lytsere boeken mei titels dy't ferwize nei de oarspronklike skriuwers. De tekst wurdt yn haadstikken en ferzen ferdield. Nei de Ingelske oersetting is it boek yn in grut tal oare talen oerset.

Kritisy sizze dat Smith sels de betinker wie fan de tekst en dat er him dêrby basearre hat op ideeën, dy't yn dy tiid opgong makken.

Oarsprong bewurkje seksje

 
Joseph Smith kriget de gouden platen

Neffens Joseph Smith wied er 17 doe't de ingel Moroni oan him ferskynde en him ynformearre dat der in kolleksje dokuminten yn de foarm fan gravearre gouden platen begroeven lei yn in heuvel tichteby syn âldershûs yn Wayne County yn de steat New York. De fan âlde profeten ôfkomstige tekst op de platen beskreaune in folk dat God yn 600 foar Kristus út Jeruzalim laat hie nei it westlik healrûn. De lêste profeet fan dat folk wie Moroni, dy't de platen begroeven hie mei it ûnthjit fan God dat se letter wer iepenbierre wurde soene. Op 21 septimber 1823 krige Smith in fizioen en de oare deis wiisde deselde Moroni, dy't no as ingel werom kaam wie, him it plak oan dêr't de platen begroeven leine. Moroni droech Smith op om foar fierdere oanwizings it oare jier op deselde datum en op itselde plak werom te kommen. Nei fjouwer jier, op 22 septimber 1827, krige Smith tastimming fan Moroni om de platen mei te nimmen en yn it Ingelsk oer te setten.

Der binne ferskillende ferslaggen op hokker wize Smith it Boek fan Mormon oersette. Smith sels sei dat er de platen mei in spesjale foar dat doel makke bril oersette. Yn oare ferslaggen wurdt op ferskillende wizen útlein dat hy ien of mear sjennerstiennen brûkte, dy't er yn syn hoed bewarre. Sawol de bril as de stiennen waarden wol as de "Oerim en Tûmmim" omskreaun. As Smith oan it oersetten wie sûndere er him somtiden fan de skriuwer ôf troch in wite tekken tusken harren te hingjen. De platen wiene ek net altiten oanwêzich as er oan it oersetten wie en at se der al wiene, dan wiene se altiten bedutsen.

 
Trije tsjûgen fan it Boek fan Mormon

De earste troch Smith publisearre beskriuwing fan de platen hie it oer platen fan goud. Ien fan Smith's earste skriuwers, Martin Harris, skreau dat de platen troch triedden oan inoar befêstige wiene yn de foarm fan in boek. It skrift op de gravearre platen neamde Smith "herfoarme Egyptysk". In diel fan de tekst op de platen wie neffens Smith fersegele, dat diel soe net yn it Boek fan Mormon opnommen wurde. Njonken it ferslach fan Smith tsjûgen noch alve oare manlju dat hja de gouden platen sjoen hiene en yn guon gefallen sels yn de hân holden hiene. Harren skreaune tsjûgenissen steane bekend as it "Tsjûgenis fan de trije Tsjûgen" en it "Tsjûgenis fan de acht Tsjûgen". Dy tsjûgenissen wurde yn de measte útjeften fan it Boek fan Mormon ek publisearre.

Smith frege syn buorman Martin Harris om by it oersetten as skriuwer fan de tekst te wurkjen. Yn 1828 frege Harris op oantrunen fan syn frou Lucy Harris, dy't net sa'n soad op hie mei it geheimsinnige wurk fan har man, him de earste siden fan de oersetting te lienen. Mei tsjinsin foldie Smith oan it fersyk fan Harris en wat der dêrnei krekt mei de siden barde is net bekend, mar it manuskript gyng ferlern. Guon miene dat Lucy it ferstoppe hie. Oaren tinke dat it oan oaren meijûn waard, fuortsmiten wie of dat immen se út it hûs fan Harris stellen hie. Hoe dan ek, de 116 siden fan it Boek fan Mormon kamen net werom.

It spiet Smith bot dat er de oersetting útliend hie en skreau letter dat er it fermogen om oer te setten ferlern hie en dat Moroni de platen werom nommen hie. Pas nei't Smith berou sjen liet soene de platen werom jûn wurde. Letter ferklearre Smith dat God him tastie it oersettingswurk wer op te pakken, mar opdracht joech om te begjinnen mei in oar diel fan de platen (wat no it Boek fan Mosiah neamd wurdt).

 
In diel (1 Nefi 4:38-5:14) fan it orizjinele manuskript

Yn 1829 sette Smith wer útein mei syn oersetwurk fan de gouden platen en mei help fan Oliver Cowdery foltôge er dat wurk yn in koart tiidsrek fan april oant juny. Mei de publikaasje fan it boek joech er de platen neffens syn sizzen werom oan de ingel Moroni. Syn eardere help Harris naam in hypteek op syn pleats om de printing fan it Boek fan Mormon mooglik te meitsjen. It Boek fan Mormon waard fanôf 26 maart 1830 yn de boekewinkel E. B. Grandin in Palmyra, New York te keap oanbean en tsjintwurdich stiet dat gebou bekend as Book of Mormon Historic Publication Site.

Sûnt de earste útjefte fan it boek beskuldigje tsjinstanners Smith der fan der op los te fantasearjen. Ynstee fan in âlde tekst oer te setten soed er gebrûk makke ha fan oare ideeën en ferskate boarnen. Under de boarnen dy't er yn syn boek ferwurke hie, wiene neffens kritisy û.o. de King James-bibel, The Wonders of Nature fan Josiah Priest (1826), View of the Hebrews fan Ethan Smithen (1823) en in net publisearre manuskript fan de skriuwer Solomon Spalding (1761–1816). FairMormon, in organisaasje dy't him dwaande hâldt mei stúdzjes oer it Mormonisme, wiist dy krityk ôf mei it argumint dat sawol Mormoanske as net-Mormoanske skiedkundigen earnstige tekoartkommings yn harren ûndersyk ûntdieken. De measte oanhingers fan it Mormonisme en ek de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen bliuwe fan betinken dat it Boek fan Mormon in akkuraat, histoarysk ferslach is.

Ynhâld bewurkje seksje

 
Lannen en plakken yn it Boek fan Mormon

Neffens it Boek fan Mormon soe de profeet Lehi om likernôch 600 foar Kristus yn Jeruzalim de opdracht krige ha fan God om mei de famylje de stêd te ferlitten om de wyldernis yn te tsjen. Sa wisten se oan Nebûkadnêzer's ferneatiging fan de stêd in pear jier letter te ûntkommen. Lehi's soan Nefi krige fan God de opdracht om in skip te bouwen, dêr't de groep mei nei in ûnthjitten lân seile koe. Net lang nei't de groep joaden yn Amearika oankaam ferstoar Lehi. Hy droech it liederskip oer oan Nefi, mar syn bruorren Laman en Lemuel kamen rillegau dêrnei yn opstân. It rûn hielendal út de klauwen en út de besibbe bruorren ûnstiene twa aparte folken, dy't fijannich foar inoar oer steane. De folgelingen fan Nefi waarden de Nefiten neamd en dy fan Laman en Lemuel de Lamaniten. De Nefiten bouwe in eigen beskaving op en it giet harren nettsjinsteande oarloch mei harren bruorrenfolk fierder goed. In goede twintich jier nei oankomst bouwe de Nefiten in timpel.

Yn it ferrin fan de tiid wurde de wikseljende ferhâldings fan de twa folken, harren gean en stean en harren oarloggen en strideraasjes wiidweidich beskreaun, benammen yn de tiid fan ± 600 oant ± 550 f. Kr.; fan ± 130 f. Kr. oant ± 40 n. Kr. en fan ± 320 oant ± 420 n. Kristus. Oer de tiidrekken dêrtusken ynformearret it boek wat koarter om 'e hoeke.

Letter moetsje de Nefiten de Mûlekiten, ôfstammelings fan Mûlek, in soan fan kening Sedekía. Dy twa folken geane yn in oar op.

Hichtepunt is de besite fan de opsteane Jezus oan de Nefiten. Jezus werhelle de Berchrede, stelde foar de twadde kear it Nachtmiel yn en reorganisearre Syn tsjerke. De Nefiten en Lamaniten libben twa iuwen neffens de prinsipes fan de Berchrede yn fosleine frede. Mar it losser tapassen fan dy prinsipes liede ta in nije skieding en in bluordige oarloch, dy't lang om let de folsleine ferneatiging fan de Nefiten ynlate. Yn de lêste jierren fan de kriich spilen Mormon en syn soan Moroni in rol as militêre lieders en kronykskriuwers.

In oar folk dat God nei it westlik healrûn liede wiene neffens it Boek fan Mormon de Jarediten. Hja kamen fuort nei de bou fan de toer fan Babel oan yn it ûnthjitten lân. Ek by harren liede it loslitten fan de godlike wetten ta spjaltings, kriich en koart foar de oankomst fan Lehi en syn folk ta de folsleine ferneatiging fan it folk. De kroniken fan harren lêste profeet, Ether, binne letter troch de Nefiten fûn en mei help fan de Oerim en Tûmmim oerset.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Nederlânsktalige oersetting fan it Book of Mormon op de side fan de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Book of Mormon