Gouden platen
De Gouden platen binne neffens it Mormoanske leauwe de boarne fan it troch de profeet Joseph Smith publisearre Boek fan Mormon. Neffens de stifter fan it Mormonisme wiene de platen beskreaun troch profeten, dy't fanôf 600 foar Kristus oant 400 nei Kristus yn Amearika wennen.
Smith sei dat er de platen op 22 septimber 1823 op oanwizing fan de ingel Moroni op in heuvel tichteby syn âldershûs yn Manchester, New York, yn 'e grûn yn in stiennen behuzing fûn hie. Ynearsten soe de ingel him ferbean ha de platen mei te nimmen, mar hy mocht nei in jier werom komme. Alle jierren teach Smith nei it plak, mar it duorre noch oant septimber 1927, nei in fjirde besykjen, oant er slagge om de platen mei te nimmen. Smith kaam werom mei in swier objekt dat er yn in doek wikkele hie en er yn in kiste lei.
Hy stie oaren ta om de kiste op te tillen mar sei dat de ingel it ferbean hie om se sjen te litten. Earst moast er klear wêze mei de Ingelske oersetting fan de Egyptyske tekst op de gouden platen. Hy diktearre de tekst sûnder nei de platen te sjen en woe ha dat it de oersetting wie fan de platen. De iennige tsjûgen dêrfan seine dat Smith by de oersetting gebrûk makke fan godlike help, in bril makke fan sjennerstiennen dy't Smith Oerim en Tûmmim neamde en dy't er yn syn hoed meidroech. Smith publisearre de oersetting yn 1830 as it Boek fan Mormon.
Uteinlik krige Smith alve man byinoar, dy't tsjûgen dat se de platen sels sjoen hiene. Dy manlju waarden bekend as de "Tsjûgen fan it Boek fan Mormon". Tsjûgen beskreaune de goudkleurige platen as in bondel fan tinne metalen siden mei oan beide kanten yngravearre tekst, dy't troch trije D-foarmige ringen byinoar holden waarden en meiïnoar 14 oant 27 kilo swier wiene.
Nei't Smith de oersetting foltôge hie, joech er neffens eigen sizzen de platen werom oan de ingel Moroni, sadat de platen nea ûndersocht wurde koene. Kritisi tinke dat Smith de gouden platen sels makke hie. Oare kritisi binne fan betinken dat der sels hielendal gjin platen west ha en dat de tsjûgenissen op hynoaze troch Smith basearre wiene. Foar Mormoanen binne de gouden platen lykwols in realiteit en fan sintraal belang foar harren leauwe.