Pleats

(Trochferwiisd fan Boerepleats)

In pleats is it hûs en de bedriuwsromte fan in buorkerij. Ek it lân, skuorren, it hiem, de stâlen, ensfh. wurde faak ûnder it wurd ferstien.

In kop-hals-romppleats
Gelderske pleats út 1872

Yn Nederlân is der in grut ferskaat fan pleatsen. De pleatsen yn Fryslân of Grinslân binne oars boud as de pleatsen yn bygelyks Seelân of Limburch. De meast foarkommende pleats yn Fryslân is de saneamde kop-hals-romppleats. Yn Grinslân is it meast foarkommende soart pleats de stjelppleats.

In oar soarte pleats dat yn Fryslân wol foarkomt, benammen yn It Bilt, is in foarm fan de kop-hals-romppleats wêrby de wenning heaks op de stâl stiet. Dit is de saneamde Biltske pleats.