Bogense
Bogense is in stêd mei 3710 ynwenners (1 jannewaris 2015) oan it Kattegat oan de Noardseekust fan it Deenske eilân Fún. Sûnt de weryndieling fan 1 jannewaris 2007 heart Bogense by de gemeente Nordfyns yn de regio Súd-Denemark. It bestjoer fan de gemeente is fêstige yn Bogense.
Bogense | ||
![]() | ||
De Nikolaastsjerke fan Bogense | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 3710 (2015) | |
Polityk | ||
Lân | Denemark | |
Nordfyns | ||
Oar | ||
Postkoade | 5400 Bogense | |
Webside | https://www.nordfynskommune.dk |
Bogense krige merkerjochten yn it jier 1288 fan de Deenske kening Erik VI Menved. De stêd waard jimmeroan riker troch de hannel, mar yn 1575 waard Bogense troffen troch fjoer en krige neitiid net mear de âlde wolfeart werom.
Hjoeddedei is Bogense in lytse stêd dêr't in soad toeristen ferbliuwe. Bogense hat in grut oanbod fan fakânsjehûzen, der binne trije campings en Bogense hat de grutste jachthaven fan Fyn.
NikolaastsjerkeBewurkje
De Nikolaastsjerke is fan oarsprong in romaansk gebouw, dy't letter nei it westen ta fergrutte waard. Yn it tiidrek 1400-1450 waard der stâl jûn oan it hjoeddeiske oansjen fan it gebou. Doe waard der oan de eastlike kant in toer oanboud mei in achthoekige spits en de tsjerke krige twa krúsearmen. Foar seelju jilde de toer lange tiid as in beaken.
It 16e-iuwske alter fan de tsjerke (1588), in romaansk doopvont, de preekstoel mei houtsnijwurk út 1604 en in grut krúsbyld, dat oan de eastlike muorre fan de súdlike krúsearm hinget, binne de wichtigste keunstwurken fan de tsjerke.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bogense fan Wikimedia Commons. |