Bollefjochtsjen

(Trochferwiisd fan Bollefjochtsje)

Bollefjochtsjen is in folksfermaak yn lannen lykas Spanje, (Súd-)Frankryk, Portugal en Latynsk-Amearika. Leafhawwers beneame dit fermeits mear as keunst dan as spul of fermaak, wylst it troch tsjinstanners as barbaarsk omskreaun wurdt. Yn it Spaansk wurde ferskate beneamings brûkt foar bollefjochtsjen, nammentlik: tauromaquia, corrida of toreo.

In bolle yn de arena mei "banderillas" yn 'e bealich

It bollefjochtsjen is basearre op iuwenâlde tradysjes dy't út de Romeinske tiid stamje. Destiids waarden gauris gefjochten hâlden mei bollen yn de arena's dy't rûnom yn it hiele Romeinske ryk stiene en dêr't it publyk der nei sjen koe. Yn de 5e iuw wie it befjochtsjen fan bollen yn it gebiet dat letter Spanje wurde soe, ferwurden ta in ritueel dêr't jonge manlju harren lef toane koenen. Troch de Moaren waard letter it befjochtsjen fan bollen fan hynders ôf yntrodusearre.

Keppeling om utens

bewurkje seksje