Bollehaadman
Bollehaadman (Ingelsk: Bull Chief; Montana, 1825 – dêre, nei 1908) wie in opperhaad fan 'e Krieën (Crow), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika.
Bollehaadman | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme | Bull Chief | |
nasjonaliteit | Kriesk | |
berne | 1825 | |
berteplak | yn Montana | |
stoarn | nei 1908 | |
stjerplak | yn it Krieë Reservaat (Montana) | |
etnisiteit | Kriesk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan de Krieën |
Libben
bewurkje seksjeBollehaadman waard yn 1825 berne yn wat no de Amerikaanske steat Montana is. As jonge kriger gied er tsjin 'e tradisjonele noarmen en wearden fan syn folk yn troch te wegerjen en besykje troch fêstjen en it sykjen nei fizioenen súkses yn 'e striid te bewissigjen. Yn 't earstoan liek it as hiene syn kritikasters gelyk, want hy kearde ornaris mei lege hannen werom fan in jachtpartij of oerfal op in oare stamme. Uteinlik wist er lykwols troch klearebare koppigens en trochsettingsfermogen in reputaasje as jager en kriger te winnen.
Oars as de measte Krieën, dy't freonlik omgiene mei de blanke kolonisten, hie Bollehaadman it grou op harren. Yn 'e 1870-er jierren late er ferskate oanfallen op blanke delsettings op lân dat tradisjoneel ta it domein fan 'e Krie-Yndianen hearde. Nei't de Lakota en de Noardlike Sjajinnen troch it Amerikaanske Leger definityf ferslein waarden yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, wie it spul lykwols dien. Hoewol't de Lakota en de Sjajinnen tradisjonele fijannen wiene fan 'e Krieën, hiene dyselden harren ek lange tiid ûnbedoeld beskerme troch de kolonisaasje fan 'e Grutte Flakten tsjin te kearen. Nei't hja as hinderpeal weinommen wiene, wie der gjin hâlden mear oan. Sadwaande moast ek Bollehaadman doe belies jaan.
Neitiid sette er him nei wenjen yn it Krieë Yndianereservaat fan súdlik Montana. Dêr mette er yn 1908 de fotograaf Edward S. Curtis, dy't him op 'e foto sette as in âldere feteraan waans oarlochsjierren lang foarby wiene. It is net bekend wannear't Bollehaadman stoarn is. Hy wie troud mei Biedt-Har-Reade-Doek-Oan. Syn soan wie de ferkenner yn 'e tsjinst fan it Amerikaanske Leger Blanke-Man-Regearret-Him, en syn oerpakesizzer wie Pauline Small, dy't yn 1966 as earste frou yn it bestjoer fan 'e federaal erkende Krieë Stamme keazen wurde soe.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |